Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hearke hie in faem yn 'e Ham (= Droegeham). Dêr soed er ris in snein-to-joun hinne. Doe kearde it jongfolk him. Sy seinen tsjin Hearke: "Hwer silstû hinne?"
"Nei de faem", sei Hearke.
Sy seinen: "Werom!"
Hearke sei: "Dat is goed, mar foardat wy by elkoar wei geane, fûstkje wy earst even."
Doe krige Hearke ien fan dy mannen by de hân. Mar tagelyk sette er...
nl.verhalenbank.23732
Om in flesse drank to krijen moesten jy hartenboer fuortstjûre. Ien goaide de kaert bûten. Even letter kaem der dan in flesse drank. Deselde dy't de kaert fuortgoaid hie mocht de flesse net oannimme. It earste romerfol waerd fuortsmiten oer 't linker skouder. "Dêr, duvel, dat is foar dy", seinen se dan.
nl.verhalenbank.31121
In omke fan my fortelde my, hy wie us in kear by de faem wei kom op in nacht. De Trije Roede wie doe noch in sânpaed. Hy hie midden op 'e wei roan. Doe wied er ynienen fan 'e wei ôfsmiten woarn en yn 'e berm torjochte kom. De skuon hienen him fan 'e fuotten west. It mat in lykstaesje west ha, dy't der doe passearde.
nl.verhalenbank.19587
Der wenne in feint by de Trije Roeden. Dat wie in soan fan Foppe Jits. Dy sûpte ôfgryslik. 't Wie lytse Albert Scholte. Op in joun kom er fan Surhústerfean. Doe gong er de Feanster lânnen del. Underweis woarde er opnom en oer de sleat goaid.
Hy kom oan 'e oare kant de sleat torjochte en dêr roan er in eintsje by de sleat lâns fierder. Mar hy tochte: "Ik...
nl.verhalenbank.23582
Sytse Jager fan 'e Harkema wie in neef fan my. Hy fortelde us in kear: "Ik soe nei hûs, Jille, en dat die 'k en doe't ik omtrint thús wie, doe woarde ik oer de sleat smiten. Ik klaude oerein en gong wer nei de oare kant ta. Mar dêr wie 'k noch mar krekt of doe woarde ik wer oer de sleat smiten. En oe, Jille - jong, ik hie it bloed yn 'e skuon sitten.
nl.verhalenbank.23823
By joun mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant mear as ien kom it oer dat er oan kant set woarde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.37704
Sterke Hearke hie ris in tsjinnichheit tsjin ien.
Op in kear kom dyselde der oanriden mei de wein. Hearke spande 't hynder út en smiet de wein yn 'e sleat.
nl.verhalenbank.24231
In omke fan my kaem op in joun by de faem wei. Doe't er by de Bethlehemsreed kaem woardde er samar optild en yn 'e sleat smiten. Hy wie by ús folk yn 'e kost en kaem dweiltrochwiet oan. De duvel hie 't him flikt, sei er.
nl.verhalenbank.37703
Jan Hepkes hie in pear dagen mei to slotten west nei 't Peinder kanael. Hy wie alhiel net in werker. Doe't er wer thús wie, doe sei er tsjin syn suster: "Mast dêr us sjen, sa'n wite douwen binne dêr yn 'e loft." Doe hienen dat syn spitten west. Sa heech hied er by 't dollen de spitten smiten. Dy wienen noch net iens wer op 'e groun tolânne kom.
nl.verhalenbank.23887