Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme.
Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne.
Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
Doe't ik soldaet wie kom ik us yn Sint-Anne. Dêr siet ik yn 'e herberch. Doe kom dêr ien yn, dy hie in pakje kaerten by him. Hy liet it ús sjen. Doe frege er: "As ik dizze kaerten tsjin 'e muorre oan smyt, hokker mat der dan tsjin oan sitten bliuwe?"
Dat soe hartenboer mar wurde. Hy smiet de kaerten tsjin 'e muorre oan en hartenboer bleau sitten.
"Krij...
nl.verhalenbank.27582
Hearke syn dochter Rixt wie èk sa sterk. Dy wenne èk yn 'e Ham. Op in kear kom se mei har feint by de brêge op 'e Tille. Dêr hienen fjouwer mannen op 'e brêge stien en dy hienen sein: "Dy fint mat werom."
Doe hie Rixt sein: "Wachtsje dû hjir mar even. Ik sil wol even mei dy mantsjes rêdde."
Doe't se der oan ta wie, hie se dy mannen ien foar ien by 't...
nl.verhalenbank.27586
Op 'e Feanster Heide lei in man yn 'e nacht op bêd, doe hearde hy ynienen dat der bûtendoar hwat tsjin it kezyn oan skaefde. Hy fan it bêd ôf en nei bûten, mar der wie neat to sjen. Hy joech him wer del.
In skoftsje letter waerd der bûtendoar hwat del set dat fan hout wie en der waerd ek hwat boven op goaid. Wer gong de man der op ôf om to sjen, mar ek...
nl.verhalenbank.17635
Alde Lútsen wie de heit fan Antsje Rinkelbel. Hy wenne oan 'e Fjouwer Roede. Sy neamden him ornaris Rinkelsma, omdat er jouns wol us op 'e harmoanika spile en dan song er dêr altyd in ferske by dat gong oer in sekere Rinkelsma.
Hy hie in synbult op 'e rêch sitten sa great wol as in fuotbal. En ûnder 'e earm hied er ek sa'n greate bult.
't Wie in raren...
nl.verhalenbank.25483
Us heit hat wenne oan 'e Lange wiken. Op in nacht hearde hy dúdlik dat der mei balken smiten woarde, net sa fier ôf.
Nei forrin fan tiid hearde er deselde lûden wer, mar doe hearden se it allegear, hwant doe gong 't op in timmerjen oan in nij hûs dat dêr set woarde oan 'e Lange wyk.
nl.verhalenbank.24372
Der wie in boer, dy wenne de kant út nei Grinzer Pein. Dy hie in soan dy wie o sa sterk. Der lei in grouwe stien by har op it hiem, dy koe hy in eintsje forsjouwe. Net ien oars dy't dat koe. Dêr wie sa'n ien net dy't sa sterk wie as syn jonge, sei de boer. Doe kommen sterke Hearke en syn heit dêr tafallich us in kear. Hearke pakte fuort de stien doe't er...
nl.verhalenbank.17586
To Diepswal, oan dizz' kant de Like, is al us ien smiten woarn.
nl.verhalenbank.19597
Myn heit en mem (Thoma en Klare) reizgen nei de merken ta. Op in nacht ha se in rare gisel makke. Se woarden mei de hounekarre en de fjouwer hounen derby op it Wytfean samar oer de beammen hinne tild en kommen yn 'e sleat tolânne.
nl.verhalenbank.19596
Der kom ris in ploechje jongfolk fan 't hurdriden fan Stiensgea. Ien wie in botte spotter. "Ik bin foar de duvel net bang", sei er, en sokke dingen mear. "As hy der is," sei er, "dan kin er mar komme."
Doe moesten se fan Blaufallaet nei Surhuzum. Dêr roan in âld paed njonken 'e feart del. Dy iene swearde en swetste mar raek.
Ynienen wie dêr in dikke...
nl.verhalenbank.27281
Achter 't hûs hie Halbe Scheper in hokje to stean, dêr hie er de petroaljefetten yn.
Op in kear is er yn 't hok mei de lantearne by him. Hy sil hwat oalje yn in bus dwaen.
Der leinen twa fetten. 't Iene wie fol, 't oare wie er mei oan 't pompen.
De lantearne falt om en der ûntstiet brân.
Halbe pakt earst it iene fet dat oandien is en smyt it ta de doar...
nl.verhalenbank.25101
Yn Beets wenne in faem dy wenne by in boer oan 'e feart dy't nei de Feenhoop giet. 't Wie yn 'e winter en der lei in laech iis yn 'e feart.
De faem sei: "Ik wol to riden, as soe 'k ek mei de duvel ride." Dat wie yn 'e moarn, dat se dat sei.
De middeis kom de duvel by har. Hy hie redens by him. Oan syn knolfoet seach se dat it de duvel wie.
Hja wie oan 't...
nl.verhalenbank.25498
As jo in nêst makke ha foar in earrebarre, dan smyt er it earste jier in aei del, it twadde jier in jong. Dat is de hier foar 't nêst.
nl.verhalenbank.25506
Sjoerd de Haan (^) fan 'e Harkema hie nei Stêdskanael ta west to baggeljen. Hy kom thús yn 'e Harkema, en doe wied er sa warch, dat hy steurde him dy nachts alhiel net oan 'e frou en foel sa yn 'e sliep.
De snein-to-middeis hienen Sjoerd en Rienkje, syn wiif, togearre op it hiem stien. Doe hie dêr in hin west, dy woe trêdde wurde troch de hoanne. De hin...
nl.verhalenbank.28426
Minse Griper wenne hjir oan 'e Spekloane.
Dy koe in flesse drank komme litte. As se dy flesse net pakten, dan draeide er om 'e lampe hinne.
De earste romer út 'e flesse moesten se oer 't skouder hinne goaije. Fierder koenen se de flesse gerust opdrinke. Der woarde earst in spylkaert fuortstjûrd: skoppenboer.
Minse Griper koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe...
nl.verhalenbank.21412
Greate Anders wie myn pake. Op in kear sieten de jonges by him ta de sânrapen. Dat wie fansels neat om dy pear rapen, mar sy forniele faek mear as dat se opite.
Hy kriget ien fan dy jonges topakken. It is in soan fan âlde Jan Koops van der Velde. Dêr komt syn wyfke, Hinke, oanrinnen. Hy mat dy jonge loslitte, seit se. Sy sil wol op har eigen jonge passe....
nl.verhalenbank.25106
Myn neef Germ Postma (^) fortelde, dat it wie ris gebeurd, dat der in man foar straf yn in djippe kûle smiten woarn wie. Mar yn dy kûle sieten allegearre ierdmantsjes. Doe gongen dy ierdmantsjes allegearre boven op elkoar stean en sa foarmen se in trap. Dêr klom dy man by op. Mar doe't er omtrint boven wie, rôp it ûnderste ierdmantsje: "Laat hem donderen!...
nl.verhalenbank.28423
Fan 't Blauhûs oan 'e plaets fan Sierd Pool ta dêr spoeke ek in hiele dikke, swarte houn. In soad minsken ha him sjoen. Dat wie ek in pleachbeest. As de minsken oer de side seagen, woarden se de sleat yn goaid. Sy moesten stil foar har útsjen.
nl.verhalenbank.27262
Pake siet in pear dagen yn 'e gefangenis. Doe siet dêr ek ien yn, dy koe mear as in oar. Hy sei tsjin pake: "Soest wol in buorrel meije?"
"Wiswol", hie pake sein.
"Dan hoechst oars net to dwaen," hie er tsjin pake sein, "as even op 'e doar to klopjen. Dan wurdt dy direkt in buorrel tarikt. Mar tink der om, de earste buorrel dyst krijste, mast oer 't...
nl.verhalenbank.28421
Myn wiif har pake hat oan dy wei wenne tusken 't Jachtfjild en 't Blauhûs. Sy wennen yn in plaets. Dy is der al lang wei, mar de hage stiet der altyd noch. Op in joun kom dêr in frommes, dy woe graech ûnderdak ha foar de nacht. Se lieten it minske der yn. Mar doe't pake har us in pear kear goed opnom hie, tocht er: Dû kinst wol us net in frommes wêze. En...
nl.verhalenbank.21217