Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: gooien Place of Narration: Twijzelerheide
Myn beppe wie Hindrik Eatses Gjertsje. Sterker frommeske hat der noait west. Hja wie noch faem en hie forkearing mei myn pake. Op in snein-to-joun wienen se togearre oan 't kuijerjen by de Swâdde lâns. Sy wienen op in âld reedtsje. Doe kommen dêr twa jonge bazen oan: Tsjipke Postma en Jan Kommerij. Dy beide knapen dy hienen ek wol smucht op beppe, mar dy...
nl.verhalenbank.28843
Ik hie in buorman, dy fortelde my, der wie in boer, dy hie in faem. Dy faem koe net in feint krije. Doe waerd it merke en dêr woe hja hinne. Doe't it joun woarde, sei se: "Nou krij 'k joun in feint, as wie it de duvel ek." Mar hja krige dy jouns net in feint. Doe gong se nei hûs ta. 't Wie sahwat acht ûre, it iten wie dien. Doe kaem der in hearskip oan....
nl.verhalenbank.38312
Dyselde beppe Gjetsje wie mei in keppel oaren op it lân to jirpelsykjen. De jirpels dienen se allegear yn sekken en dy woarden dan forfierd op boereweinen. Op dy boereweinen hienen se sydsketten. Doe kom der rúzje ûnder de jirpelsikers, en dêr woarde beppe op 't lêst ek yn bitrutsen. Doe rôp beppe al dy minsken ta de oarder. Sy sei: "Allegear oan 't wurk....
nl.verhalenbank.28845
Froeger wie hjir in âld reed, dêr stienen in pear cafékes oan. Ien fan dy cafékes wie fan Frâns ten Bergen en C. Hester. Dy kroechjes, dêr hâldden se yndertiid spyljen en dânsjen yn. Myn omke, dat wie Teade-spylman, dat wie in soan fan beppe Gjetsje, dy't sa sterk wie. Dy spile dêr faek. Hy hie trije susters: Minke (dat wie myn mem), Siuwke en Teatske....
nl.verhalenbank.28844
Egbert Golo wie mar in lyts mantsje. Mar 't wienen allegearre spieren. Hy wie oersterk. Hy hie buorkerije. Op in kear doe wienen der trije jonge bazen, dy seagen Egbert Golo oankommen mei hynder en wein. Sy seinen tsjin elkoar: "Nou kinne wy in moaije grap ha, dan wite wy ek, hoe sterk hy is." Doe lei dêr in dikke, grouwe beam, dy wie ôfkapt. De trije...
nl.verhalenbank.28846
Wy ha as bern wol nei de Grinzer klaei ta west om to flaechsteppen. Dêr wie ek in man by fan Burgumerheide, dat wie in sekere Jouke. Dy fortelde al us: Doe't ik jong wie, wie 'k in raer man. Ik gong faek nei Feanwâldsterwâl nei de kroech. Dêr gong 't op in sûpen en kaertspyljen. En dan sweare en flokke dat it raer wie. Mar op in kear, doe't ik wer út 'e...
nl.verhalenbank.23424
Men mat noait midden op 'e wei rinne nei tolve ûre yn 'e nacht. Dan kin men fan 'e wei ôfsmiten wurde, as der in lykstaesje passeart. Hjir yn 'e heide is sa alris ien oan kant reage.
nl.verhalenbank.38629
Der woarde altyd sein yn 'e Westerein: Om tolve ûre nachts moest men net oer de spoarbrêge, hwant dan spoeke it dêr. Dan wie dêr in wyt ding warber, dat forskeidene minsken dêr wol sjoen ha. It wie krekt as sweefde it. En it hearde dan krekt as woarde der mei stientsjes smiten. It jongfolk gong altyd it spoar del nei Feanwâldstermerke ta. Mar werom...
nl.verhalenbank.23766
Ik haw wolris heard dat guon smiten woarden troch de duvel, as se yn 'e kroech sitten hienen en it raer opsein hienen. In sekere Wyberen fan 'e Westerein hie ek yn 'e kroech sitten. Doe't hy der yn 'e nacht út kaem wie er dronken. Hy hie oeral de spot mei hawn. It frear dat it ongele, it wie dik winter. Doe is Wyberen smiten woarn. Hy is yn in burd...
nl.verhalenbank.38634
Alde Wiger Syts wie in tsjoenster. Dy koe har foroarje yn in pânse. Myn skoanheit gong der mei har man wolris op út to mollefangen. Doe hat myn wiif dêr alris as fanke by dy minsken slept. It wie dêr dy nachts bot oan wei gong. Wiger wie der op út. Der kom in man yn 't holst fan 'e nacht. Dy sei: "Ik trilje oer de hiele lea. Piters Willemke fleach fan 'e...
nl.verhalenbank.28839
Ik hie in suster, dêr kaem in feint by, dat wie in sekere Jelle. Myn suster moest bifalle. Doe't Jelle dat hearde, sûpte er him dronken. Doe gong er nei myn suster ta, mar hy trof it net, der wie net ien thús. Hy hie 't raer opsein en flokt ensa. Doe't er thús kaem en yn 'e hûs wie, waerd er smiten. Syn mem en suster wienen thús. Doe wie er krûpendewei op...
nl.verhalenbank.10681
Taeke Alma fan 'e Harkema wie sahwat de raerste fan hiel Harkema. Op in kear kaem er fan 't Jachtfjild. Dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy hie sein, hy wie foar gjin duvel bang. Doe is er smiten woarn oer de Lange Wyk hinne oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.10680
Ik ha wolris heard dat der op 'e klaei spûkskuorren binne. As men dêr yn sliept wurdt men fan 't iene plak nei 't oare smiten.
nl.verhalenbank.27388
Jan hat ek us in kear in keardel oer in hiele wide sleat hinne smiten. Jan wie in Grinslanner. Hy wenne mei syn beide bruorren oan 't Slochterdjip. Alle trije bruorren wienen âld-feint. En sy wienen ek alle trije sterk. Se hienen rêgen as barten.
nl.verhalenbank.22025
Us mem fortelde, hja seach wolris in lykstaesje jouns. Dan gong se oan 'e kant stean om der nei to sjen. Bleau se midden op 'e wei stean, sei se, dan soe se oan kant smiten wurde.
nl.verhalenbank.27374
1