Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Bartele Vries fan 'e Hamster Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to marsjearen troch de keamer hinne.
Hy liet de hynders yn 'e stâl dânsje. Ik wie sa'n jonge, doe't er dat die.
Op 't Bomkleaster leit er op 't hôf. Hy hat in glês yn 'e kiste. Dat hie doe noch net in minske. Hy leit mei 't gesicht nei de plaets ta,...
nl.verhalenbank.33092
Ik wie wees en bin greatbrocht by Hindriks Trui, dat wie de mem fan Jehannes Jager. Dy hienen in winkeltsje. Jehannes wie doe noch yn 'e hûs. Ik slepte by Jehannes yn 't selde bêdsté. Jehannes hie altyd lêst fan nachtmerjes. Bouke Schievink siet sûnder kosthûs.
Jehannes sei tsjin Trui: "Kin Bouke wol by ús yn 'e kost?'
"Dat kin wol," sei Trui, "mar dan...
nl.verhalenbank.22217
Yn 'e Harkema wenne in frommes, dy wie mar allinne thús. Har man wie nei stêd ta. Hja tochte: "Ik mat mar pankoeken bakke." Mar omdat it moal op wie, gong se nei de winkel en boarge dêr in poun, hwant har man hie de sinten by him.
Wylst hja oan 't pankoekbakken wie, kom der in giele kat om 'e hoeke fan 'e doar en dy bigong tsjin har to praten:...
nl.verhalenbank.21252
Gjin rare gesichten lûke foar de spegel. Oars wurdste mei de hân slein. Net foar de spegel stean to sjen, oars draeit de duvel jin de nekke om. It kin ek gebeure dat de spegel jin dan foar de kop fljocht.
nl.verhalenbank.28699
Der wienen ek wol guon, dy kearden nachtmerjes mei krytwyt of moal op 't gesicht.
By hynders brûkten se wol kaf.
Men mat jouns de klompen oerside sette, út it sté, net foar de drompel.
nl.verhalenbank.15523
Se seinen froeger: in nachtmerje, dat is in frommeske. Dy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs en giet sa nei har slachtoffer ta. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten of troch moal op it gesicht to struijen. Se komme ek by hynders. Dy dieren ha dan de oare deis de moanjes yn 'e tiis.
nl.verhalenbank.33645
Tsjip van der Bij ^ fan 'e Harkema gong altyd to murdzjen.
Op in nacht wie er wer op stap. Hy hie twa maten by him. Alle trije hienen se in houn. Tsjip hie in lyts hountsje.
Murdehounen rinne altyd in ein fuort, as se in murd fine.
Dêr rinne se dan achteroan.
Doe hearde Tsjip ynienen dat syn hountsje hiel bot jankte. Tsjip gong by de mannen wei en sette...
nl.verhalenbank.28610
Der hat yn 'e Harkema in man wenne, dat wie Ruerd van der Veen. Dy wie tige rûch yn 'e mûle. Op in dei hied er oan 't dekken west op ien fan 'e plaetsen fan 't Bomkleaster. De jouns, doe't it dekken dien wie, gong er boven op 'e nael fan 'e skuorre sitten en doe rôp er: "Nou bin 'k net bang, foar de duvel net!" En dêr flokte er by.
Doe gong er nei hûs ta....
nl.verhalenbank.28599
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?"
Ja, dat wie der wol.
"Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
Gearte Harmke, ien fan 'e tsien dochters fan Knillis Hut wie in nachtmerje. Sy kom troch 't kaeisgat by in oar yn 'e hûs.
De minsken struije moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen. Se sette de toffels ek wol achterstofoar foar 't bêdsté.
Sy hearden de nachtmerje hast altyd wol oankommen.
nl.verhalenbank.28801
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan sawn famkes dy't opelkoar folgje yn in húshâlding is in nachtmerje. Sy kinne oeral troch; troch 't kaaisgat, ûnder 'e doar troch en troch kieren. Sa komme se by de lju yn 'e hûs. Se komme ek by hynders.
Se leinen wol in wiete dweil foar de doar del om der gjin lêst fan to hawwen. Se struiden ek wol moal op 't...
nl.verhalenbank.25921
Der wie us in winkelfrou yn 'e Harkema, dy liende moal en oalje oan in oare frou, dy't by har yn 'e winkel kom en pankoekbakke woe.
Doe't se drok oan 't bakken wie, kom der in kat by har oan. Dy kat sei: "Pankoekbakke en 't moal to boarch, kin dat bistean?"
De frou sei: "Ja, wol poes ek ien ha?" En hja smiet de kat in gleone pankoek om 'e kop.
De kat...
nl.verhalenbank.21239
Froeger mienden se dat in nachtmerje in frommes wie. De minsken moesten moal struije op 't gesicht en op 'e stoel. Dan krigen se gjin lêst, wie de hiting. Myn omke, Jehannes Jager hie altyd in protte lêst fan 'e nachtmerjes. Dy struide altyd moal op it gesicht. As de nachtmerje dan by him kom, koe se net wer fuortkomme, hwant moal bliuwt sitten en in...
nl.verhalenbank.33406
Yn 'e Like stiet in slot, dat ha de Moaren dêr boud. Letter is dat yn hannen kom fan rikelju. Dêr wienen ek ûnderierdske gongen by. En sy hienen ek in skatkeamer.
De faem moest wolris nei dy skatkeamer ta om 't spul dêr skjin to meitsjen. Dan biseach se 't spul altyd. Der wienen allerhande kostbere sieraden yn en sa.
It famke fan dy rike minsken gong...
nl.verhalenbank.25788
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema siet in man op it húske. Der roan in swart skiep foar de doar lâns, dat wie sa grou en sa great, dat syn kop rikke oan 'e daksgoate ta. Hy rôp fan 't húske ôf oan syn broer: "Nou mast gau hjir komme! Sjoch dêr us, hast sa'n skiep wol us sjoen?"
Hja togearre der achteroan. Earst roan it skiep in lyts eintsje foar harren op,...
nl.verhalenbank.21248
Wy wienen froeger altyd bang foar in swarte kat. Hwant dat koe wolris in tsjoenster wêze.
Alle Tet koe har yn in kat foroarje. Sy ha in kat alris hiel bot slein, doe wie Tet de oare deis hielendal blau west om 't gesicht.
nl.verhalenbank.32745