Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De sterkste keardel dy't ik kend ha wie Berga, de plysje fan Grypskerk. It wie de soan fan Albert Berga fan Haulerwyk. Hy wie de helte sterker as in oar. It wie in greate, grouwe keardel. Doe't er sawntjin jier âld wie, woech er twahûndert poun en wied er twa meter lang. Hy hat ek plysje west yn 'e Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.28139
Der wie in widner, dy hie faek hinder fan in nachtmerje. Dy kaem alle nachten troch 't slotsgat.
Op in kear, doe't er wer it gewicht fan 'e nachtmerje op him fielde, sloech er de earms om har hinne en rôp: "Lampe op! Lampe op!"
De bern dienen gau de lampe op en doe hied er de nachtmerje fangd. 't Wie in moai frommes.
Hja is dêr bleaun en hy is mei har...
nl.verhalenbank.17730
Heit (Thomas Bruining) roan út Doezum wei nei de Smellinger Pein ta nei de faem. Op 'e weromreis by't Rottefalster tsjerkhôf wie hwat yn 'e homeije. Heit moèst der nei sjen. It like dan wer op in hynder, dan op in fôlle, dan op in aep. Hy koe 't net útmeitsje hwat it wie. Mar hy wie net bang en roan der hinne om to sjen. Doe't er him omkeare woe, koed er...
nl.verhalenbank.17648
Sterke Hearke dy luts pûrallinne in foer stront út it skernegat wei.
nl.verhalenbank.23935