Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Imke de Jong woarde yn Ljouwert nei de gefangenis ta brocht.
Sy treauwen him yn 'e sel. Mar wylst it gefangenispersoneel stie to sjen, roan Imke moai ta de poarte út. Der wie net in slot tsjin him bistand.
nl.verhalenbank.27583
Ymke de Jong siet yn Ljouwert yn 'e gefangenis, mar dêr koenen se him net yn hâlde. Hy gong samar troch de tichte doarren hinne.
nl.verhalenbank.17670
Imke de Jong wenne to Grins. Mar dêr hat er it sa raer dien, dat sy setten him yn 'e gefangenis. Mar yn 'e gefangenis wienen se skjin mei him forlegen, dat dêr moest er ek út. Klokslach tolve moest er de stêd Grins forlitte. Grins hie yn dy tiid fjouwer poarten. Krekt klokslach tolve ried Imke út alle fjouwer poarten wei. Yn elke poarte waerd er om tolve...
nl.verhalenbank.17021
Imke de Jong hat ûnder tsjinst west. Sy wienen deaforlegen mei him. As er opsluten woarde koenen se him noait hâlde. Hy hie de slotten samar los en de doarren spatten foar him iepen.
Op 't lêst ha se him mar gean litten.
nl.verhalenbank.28292
Pake siet in pear dagen yn 'e gefangenis. Doe siet dêr ek ien yn, dy koe mear as in oar. Hy sei tsjin pake: "Soest wol in buorrel meije?"
"Wiswol", hie pake sein.
"Dan hoechst oars net to dwaen," hie er tsjin pake sein, "as even op 'e doar to klopjen. Dan wurdt dy direkt in buorrel tarikt. Mar tink der om, de earste buorrel dyst krijste, mast oer 't...
nl.verhalenbank.28421