Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
34 results
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: gevangenis
Imke de Jong woarde yn Ljouwert nei de gefangenis ta brocht. Sy treauwen him yn 'e sel. Mar wylst it gefangenispersoneel stie to sjen, roan Imke moai ta de poarte út. Der wie net in slot tsjin him bistand.
nl.verhalenbank.27583
Imke de Jong hat dêr yn Ljouwert ûnder tsjinst west. Hy wie faek oerhearrich en dan moest er yn 'e cachot. Mar dêr wie er samar wer út. Se koenen in doar net sabot skoattelje of hy kaem der út.
nl.verhalenbank.30405
Imke de Jong ontsnapte út elke gefangenis. Sy koenen him achter gjin inkelde doar hâlde. Op trije plakken tagelyk ha se him sjoen doe't er ta de stêd útgong.
nl.verhalenbank.27443
As se Ymke Modder (= Y. de Jong) opsluten yn 'e gefangenis, en sy gongen by him wei, dan wie de doar al wer los.
nl.verhalenbank.23397
Imke de Jong siet yn 'e gefangenis. Der sieten guon by him yn 'e sel. De sipier die de doar op slot. Doe smiet Imke even mei de pet tsjin 'e doar oan en hy wie wer iepen.
nl.verhalenbank.25443
As se Imke de Jong gefangen setten, dat joech har neat. Hy kom der altyd út. Sy ha him nergens fêst hâlde kind.
nl.verhalenbank.24357
Alde Jan Oenes siet yn 'e gefangenis, mar hy kom elke joun thús by syn mem. Dan siet er as in hazze op 'e tafel. Hy krige dan lekker iten fan har en hie er dat op, dan gong er wer nei de gefangenis ta. Hy wenne yn Sweagerbosk en wie in greate tsjoender.
nl.verhalenbank.16537
Frans Rosier wie ien, dêr gongen alle doarren samar fansels foar iepen. Sy koenen him noait yn 'e gefangenis hâlde.
nl.verhalenbank.19944
Imke de Jong hat wol yn 'e gefangenis sitten. Mar sy koenen him der net yn hâlde. Der wie net in slot dat tsjin him bistand wie. Even letter roan er wer op 'e wei om.
nl.verhalenbank.22196
Ymke de Jong siet yn Ljouwert yn 'e gefangenis, mar dêr koenen se him net yn hâlde. Hy gong samar troch de tichte doarren hinne.
nl.verhalenbank.17670
Imke hat ek yn 'e gefangenis sitten. Mar dêr koenen se him net yn hâlde. Hy die de doarren samar iepen.
nl.verhalenbank.25359
Imke de Jong hat mei myn skoanheit ûnder tsjinst west. Hy helle allerhande fiten út ûnder tsjinst en dan kaem er wer yn 'e cachot. Ek in kear, doe hie er wer hwat úthelle, doe sieten se him achternei. Oan 'e iene kant fan 'e kaserne yn Ljouwert wie in gracht. Doe hie Imke syn jas útlutsen en dy yn 'e gracht smiten. En doe gong er dêr op dy jas sitten.
nl.verhalenbank.29790
Imke de Jong wie in gûchelder, mar hy koe ek tsjoene. To Ljouwert hat er yn 'e gefangenis sitten. Mar de tuchthúsdoarren gongen samar foar him iepen. Der wie suver neat mei him to bigjinnen. Se ha him to Ljouwert op fjouwer plakken tagelyk ta de stêd út gean sjoen.
nl.verhalenbank.9649
Ymke Modder (= Ymke de Jong) siet us yn 'e gefangenis. De sipier hie by him west en draeide de doar achter him op slot. Mar gjin minút letter stie Ymke yn 'e gong. Der wie net in slot tsjin him birekkene.
nl.verhalenbank.19741
Imke de Jong wenne to Grins. Mar dêr hat er it sa raer dien, dat sy setten him yn 'e gefangenis. Mar yn 'e gefangenis wienen se skjin mei him forlegen, dat dêr moest er ek út. Klokslach tolve moest er de stêd Grins forlitte. Grins hie yn dy tiid fjouwer poarten. Krekt klokslach tolve ried Imke út alle fjouwer poarten wei. Yn elke poarte waerd er om tolve...
nl.verhalenbank.17021
Sloegen se him yn 'e boeijen, dat joech neat, hy hie se samar ôf. Ymke kom út Jobbegea wei. Dêr mat noch in apart hear wenne ha yn Jobbegea. Dy hiet fan Jut. Dêr bistiet in rymke fan: Jut zat achter 't schut; zijn hele leven lang en nog is Jut niet bang.
nl.verhalenbank.19742
Stammerige Harm woe gjin bilesting bitelje fan syn hounen. Doe moest er achter 't slot. Mar earst hellen de plysjes fan Bûtenpost him op om him to reinigjen. Hwant hy wosk him noait en wie sa smoarch as in baerch. Hy koe sa net yn 'e gefangenis. Mar doe't se him reinigen ha de plysjes raer opsjoen. Ien fan har hat it letter forteld. Harm hie twa pânsen...
nl.verhalenbank.16100
Yn Surhústerfean wenne froeger plysje de Vries. Dêr wienen se allegearre bang foar. Hy plichte to sizzen: "En wij spelen met jou, de Vries blijft baas op Surhuisterveen." Imke de Jong wie dêr us in kear. Dy sûpte him sa dronken dat plysje de Vries pakte him en brocht him yn 't hounegat, wylst er sei: "En wij spelen met jou, de Vries blijft baas op...
nl.verhalenbank.22058
Imke de Jong woarde us in kear opsluten yn 'e sel achter doarren mei greate slotten. Mar hy wie der even letter út. Sy founen in papier oan 'e want. Dêr stie op: Hier temt men leeuwen en beren, maar Imke de Jong om de duivel niet. Der wie net in slot tsjin him bistand.
nl.verhalenbank.22323
Sy koenen ûnder tsjinst neat wurde mei Ymke de Jong. As er yn 'e cachot opsluten woarde, dan sprongen de doarren samar iepen. Doe't er fuortjage woarde ha se him op fjouwer úthoeken fan 'e stêd tagelyk sjoen.
nl.verhalenbank.25315
34