Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in oare kear soe Hantsje fan 'e pleats ride mei hynder en seas troch it lån fan Rein Klazes Hettinga, in âlde boer. Rein Klazes woe hem de reed forbiede. Hy gong op de sletten hikke hingjen. En hy woech der nochal yn! Hantsje stapte út, naem de hikke mei de boer der oan op en sette him oan de kant. Doe wer op seas en fuort.
nl.verhalenbank.50536
Doe't Imke de Jong ûnder tsjinst wie, wienen se skjin mei him forlegen. As er yn 'e cachot siet, gong er samar troch de tichte doar hinne. Sy koenen him noait fêsthâlde. Hy woe graech ûnder tsjinst wei en sy wienen eins ek mar hwat bang foar him. Dat hy krige syn ûntslach. Alle knopen woarden him fan 'e jas ôfsnien, en hy wie yn fjouwer poarten tagelyk...
nl.verhalenbank.15711