Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: genezen Narrator Gender: male Place of Narration: Leeuwarden
Wopke Brúnsma As Wopke Brúnsma nei in pasjint ta moast, dan stie er moarns yn 't bûthús ûnder in elektryske lampe en de krêft dy't út dy lampe kaam krige er yn him. En as er dan genôch hie, gong er earst nei tsjerke, nei de iere mis. Dêrnei gong hy der op út mei syn krúske en dan koe er de minsken better meitsje. Hy hat ris by myn broer yn Gaast west, dêr...
nl.verhalenbank.12995
Myn wiif hie in omke, dy hienen in famke, dat woarde net goed. It bern wie sa siik as in houn. It gebeurde wol dat omke en muoike to praten wienen jouns en dan wie der in frommeske, dat húswarre dêr dan sa lang. Muoike tocht: dat bern kin wolris bitsjoend wêze, en doe it kessen yn 'e wein neisjen, en ja hear, doe wie 't biwiis levere: dêr sieten krânskes...
nl.verhalenbank.28572
To Feanwâldsterwâl wenne in frou, dy wie bitsjoend. Us heit wie galanterykoopman en ried mei de hounekarre. Doe sei dy bitsjoende frou tsjin heit: "Soenen jo foar my nei dat boerke to Eastemar gean wolle? Miskien kin dy my helpe. Dan matte jo him hjir hinnehelje." "Goed," sei heit, "dat wol ik wol foar jo dwaen." Doe hat heit dat boerke ophelle op syn...
nl.verhalenbank.28573
Der wie in nicht fan ús, dy hie in jonkje. Dat bern rekke siik. It gûlde en jammere altyd, it wie hast noait stil. Doe seinen se: "Dat bern kin wolris bitsjoend wêze." Hwant dan raze de bern ek sa. Doe gongen se mei 't jonkje nei Swarte Jantsje ta. Swarte Jantsje naem it jonkje op 'e skoat. Doe wie 't bern fuortdalik stil. Sadré se 't bern delsette, seach...
nl.verhalenbank.28549
Hjir yn Ljouwert wenne in man yn in molkwinkeltsje, flak by 't kantongerjocht. Dy man rekke siik. Ik wie doe skipper. De dokter kaem by dat mantsje. Dy skreau him seis wiken rêst foar. Dat mocht dat mantsje noait barre. Hwant it fortsjinst stie al dy seis wiken stil. Noppert hiet dat mantsje. Hy klage my syn need. "Dit kin noait", sei er. "Feenstra," sei...
nl.verhalenbank.28626
Hjir yn Ljouwert, op it Fliet, wenne ek in tsjoenster. Dy hat my ris in kear in pepermuntsje jown. Dêr haw ik slim siik fan west. Ik wist fan niks mear, 'k wie hielendal bidwelme. Op 't lêst ha se duveldrek foar my yn 'e hûs helle. Dêr haw ik hwat fan opiten en ik krige der guon fan yn 'e bûs. Doe woarde ik wer better.
nl.verhalenbank.33847
Myn wiif hat èk bitsjoend west. Dy hat sawntjin wiken op bêd tahâlden. Jelle Wigerske út 'e Westerein wie de tsjoenster. Dy kom altyd mei lapkeguod bylâns (manufaktueren). Sa kom se ek wolris by myn wiif. Se hie myn wiif op 't lêst sa bot yn har klauwen dat de hannen stienen har krûm. Dêr koe se neat mear mei dwaen. Se koe net iens mear it iten nei de...
nl.verhalenbank.33845
Greate Wopke wie wûnderdokter to Kûkherne. Us mem kaem in protte by him as der by ús ien siik wie. Op in kear siet mem dêr, doe bigounen de lege flessen to rammeljen. Doe sei Wopke: "Der komt aenst ek wer in klant." Wopke hat myn omke ek genezen. Yn Feanwâlden wie doe in sikere dokter Dons, dy is letter nei Smilde tagong. Myn omke wie doe noch in jonge....
nl.verhalenbank.36486
35