Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
Alde Rikele Myt fan 'e Skieding wie in echte tsjoenster.
In suster fan ús heit hie in bern oerwoun. Dat bern bleau by pake en beppe yn 'e hûs. Op in kear wie beppe to praten by Rikele Myt. Hja naem it bern mei. It bern wie de oare deis sa siik as in houn. It is net wer better woarn, 't is stoarn. Alde Myt hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.37779
In suster fan pake wenne yn 'e Folgeren by in boer. Dy boer hie in hynder, dat hie 't yn 't boarst. Net ien koe der by komme, sa sloech en trape en skopte it beest. Se hienen alris tsjin Hinse sein, as dy ris komme koe. Hinse hie dat tasein, mar hy kaem net.
Mar doe op in kear kaem er hartstikke dronken fan Drachten ôf yn in rydtúch. De hynders fjouweren...
nl.verhalenbank.15914
Myn pake wenne njonken Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean.
Bareld Nieuwenhuis hie in koe, dêr mastere jonge Jan syn heit fan it Wytfean mei.
Mar hy krige de koe net better. It beest gong achterút. De koe wie mei it koartfûlens stean bleaun.
Pake sei tsjin Bareld: Gean mei in topke hier fan 'e koe nei Hinse ta, dy is in protte mâns by 't fé. Doe die...
nl.verhalenbank.15912
Myn oerbeppe wie us allinne thús. It folk wie it lân yn. Doe kom der in poep by de doar, dy 't frege om foar in dûbeltsje spek. Beppe doarst it net to krijen, hwant hy koe har wol yn 'e kelder opslute.
Dêrom bea se him in dûbeltsje oan, mar dat woed er net ha. Hy hâldde mar oan, hy woe spek ha.
Der siet in forskuorrende houn oan 't ketting, dat wie Mops....
nl.verhalenbank.21725
Twa arbeiders hjirwei wienen op 'e Grinzer klaei oan 't sichtsjen. De boer, dêr't se by yn tsjinst wienen, sukkele. Hy hie al mei forskillende dokters en professors mastere, mar it hie net holpen. Doe seinen dy arbeiders: Jo matte Hinse Jehannes om ried freegje.
Doe ried de broer fan 'e boer mei it rydtúch nei Hinse ta. Hinse joech him in greatflesfol...
nl.verhalenbank.15913
Trije drippen kattebloed ynnimme helpt ek tsjin stienswolms.
nl.verhalenbank.17408
De koarts woarde ek wol biknope. De man dy't de koarts hie krige in eintsje tou fan sa'n sechstich c.m. fan deselde dy't de koarts bistride. De pasjint moest út 'e midden wei fan dat eintsje tou mei de hân nei de beide úteinen strike. Earst de iene kant, dan de oare kant.
"Sa is 't genôch", sei de genezer. Hy sette der knopen yn en goaide 't eintsje tou...
nl.verhalenbank.25097
As bern wienen wy spookbinaud foar Piter Scheper. Piter Scheper hie in arbeider, dy wenne hjir achterút. 't Wie Hindrik de Wit. Dy hie in bigge. Dy bigge hie setten.
Op in moarn kom Hindrik by Piter Scheper, doe sei Piter:
"Hwat bist let."
"Ja," sei Hindrik, "ik ha sa'n moaije bigge. Dy die 't sa bêst. En nòu wòl 't net mear. Hy hat al trije dagen...
nl.verhalenbank.25095
Tije de Haan fan Houtigehage koe knoffelbannen lizze.
Myn broer hat ris nei him ta west doe't er de pols forkloft hie.
nl.verhalenbank.36200
Piter Scheper fan Houtigehage koe de minsken de koarts ôfnimme. Hy brocht dan de koarts op in beam oer.
nl.verhalenbank.36199
Op in kear wie ús mem siik. Doe reizge heit nei Wapstermoune ta, dêr wenne doe in bikende kwaksalver. Heit hie mem har wetter meinom. Hy krige in drankje mei. Dat kostte fiif goune. Heit sei tsjin him: "Soe dit bate?"
Hy sei: "Gods zegen kan een hoop doen."
It holp wol. Sy is better woarn.
Doe't heit dêr siet, praette er mei in man, dy't er dêr trof.
Dy...
nl.verhalenbank.28428
As men warten kwytreitsje wol, mat men der trije freden oanien in bytsje sjerp op strike. Trije is it getal fan 'e drie-eenheid.
nl.verhalenbank.17034
Alde Japik Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten yn in boereplaetske. Dy syn frou wie bitsjoend. Dat wie 't wurk fan Alle Tet. Sy binne doe nei greate Wopke tagong, dy't yn Kûkherne wenne. Dy hat doe by har west.
Wopke lei har yn elke hân in flesse. Dy moest se in skoft beet hâlde. Hja moest se foaral net falle litte. As hja se falle litten hie, dan hie...
nl.verhalenbank.28157
Der wie hjir in man, dy hie de koarts krige op 'e Grinzer klaei. Dy koed er noait wer kwyt wurde. Doe hat Piter Scheper fan Houtigehage him der ôf holpen. Der stie in dikke iken beam achter hûs.
"Gean mar fuort," sei Piter tsjin him, "de koarts sit nou yn 'e ikenbeam."
De beam stie to skodzjen en to triljen en de man wie syn koarts kwyt.
nl.verhalenbank.25659
Myn dochter krige har earste poppe. Doe krige se buikvliesontsteking. Ik wie deabinaud dat ik har misse moest. Ik gong de Loane del, op 'e fyts. Der siet in great gat yn 'e strjitwei. Dat seach ik net, sa bot wie 'k mei myn gedachten by myn dochter. Ik ried der troch hinne. Ik krige in skok. Doe sei 'k: "Och God, help my nou. Soe myn fanke nou...
nl.verhalenbank.37843
Der wie in boer, dy hie in jonkje. Dat jonkje rekke siik. Sy wennen midden yn 'e heide. Doe gong dy boer nei de duvelbander ta. Dy nom er mei en de duvelbander makke it bern wer better.
Letter kom der in tiid fan krapte. De duvelbander hie neat mear to iten. Doe gong er nei dy boer ta om ierpels. Mar hy koe gjin krije.
De boer krige nòch in jonkje, en dat...
nl.verhalenbank.25499
Bareld Nieuwenhûs syn heit dy siet fol stienwolms. Doe is er op oanrieden fan ien nei 't tsjerkhôf ta gong en hat dêr in deabonkje weihelle. Dat biskrobbe der en hy naem safolle skeapsel yn as op in dûbeltsje lizze koe. Doe hat er gjin lêst mear hawn.
nl.verhalenbank.17407
Aukje, it bern fan Albert en Gees hie bot pine. Albert sei: "Dat kin âlde Jiske Wyts wol us dwaen." Hy fan 't bêd ôf. 't Wie yn 'e nacht. Hy giet regelrjocht nei 't hûs fan Jiske Wyts. Hja siet by de tafel. Fan in âld fodde hat se in popke makke en dêr stekt se yn om.
Albert krijt in dikke stien en smyt dy by har troch de ruten.
Doe't er thúskom lei it...
nl.verhalenbank.25298
Frânse Hinke mastere ek mei fé. Sy kommen withoefier wei, alhiel út Grinslân om rie.
nl.verhalenbank.23763