Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us beppe kom op in nacht om in ûre of ien kjel út bêd wei.
't Wie allegear gedinder en lûd, 't hûs hie der fan skodde.
De oare deis sei se: "Nou komt hjir in tram of in trein lâns. Ik ha der klear de lûden fan heard.
Letter is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.26890
To Grins haw ik wenne oan 'e Fryske strjitwei. Dêr doochde it net op dat buertsje. De buorlju kommen by my, omdat ik net bang wie. It wie dêr net plús, en sy woenen ha, ik soe der op ôfgean.
It wie nachts noait liker as woarde der ien formoarde. It wie in lawaei! En rare gelûden, freeslik! De hiele buert wie der fan oerstjûr. De lûden kommen út 'e...
nl.verhalenbank.25971
Wy wennen oan 'e Drachtster wei, tichte by de bosk. Nachts om sa'n tolve ûre hinne hearden wy soms trije klappen fan in moker yn 'e Julianabuert. Myn broer sei, wienen jy yn 'e Julianabuert, dan hearden jy dy trije slaggen op 'e hoeke.
Letter is de bosk der útgong en de heide woarde ûntgonnen. Doe woarden der fredingen makke en dêrby hearden wy dyselde...
nl.verhalenbank.27168
De âlde pasterije yn Greategast stie leech. De buorlju wienen tige lyts bihuze en hienen altyd krapte fan reinwetter.
Doe hellen se wetter út 'e pasterije. Dat die de man jouns nei 't wurk. Doe hearde er dêr yn 'e pasterije in klok tikjen. En dochs stie it hûs leech. Hy gong nei 't plak ta dêr't er de klok tikjen hearde, mar der wie net in klok.
Fjirtsjin...
nl.verhalenbank.25999
Myn broer lei op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe hearde er hwat by de doarren. Doe seach er dragers en in kiste, dy't se yndroegen.
Der woarde tsjin him sein syn soan wie dea.
Op dat momint lei syn soan op bêd to sliepen. Letter is er stoarn en gebeurden deselde dingen dy't myn broer doe sjoen hat.
nl.verhalenbank.27167
Ik haw in man kend, dy wie mei de helm geboaren. 't Wie in sekere de Wilde. Op in snein hearde hy ûnder Lippenhuzen dat dêr in bern raesde. "Der gebeurt hwat", tocht er. "Ik tink dat der ien forsûpt is." Hy der hinne to sjen, mar hy woarde neat gewaer. En doch hied er heard dat ien 'help!' rôp.
Letter wie dêr op dat plak ien fordronken.
nl.verhalenbank.25969
Heit en mem wennen by de Janke-dobbe. Op in nacht gong it bûtendoar lûd op in timmerjen. Mem sei de oare moarns: "Och, och, hwat gong it der fannacht bot oan wei by de Janke-dobbe. En hwat gong 't op in timmerjen. Dêr koe wolris in hûs komme." 't Wie op 'e Skieding. Dat hûs kom der al gau.
nl.verhalenbank.25997
By ús heit en mem op 'e Skieding hearden se nachts faek de brake gean. Dan stompte mem heit oan op bêd en sei: "Jan, hearst de brake wol?" It wie foartjirmerije.
Dan gong it de oare deis wer op in braekjen.
nl.verhalenbank.25991