Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us heit wenne op 'e Sumarreheide. Op in nacht hearde hy hiel dúdlik timmerjen, kroadzjen, mei stiennen smiten, balken forsjouwen en alsahwathinne. Hy tocht: Hwat hat dat to bitsjutten yn 'e nacht? Dat hy gong der ôf om to sjen. Mar der wie neat to sjen en ek neat mear to hearren.
It oare jiers woardde der op dat plak in nij hûs delset.
nl.verhalenbank.19782
Yn 't Miedlân to Eastemar wie in boer mei syn folk oan 't swyljen. Der forskynde in lyts wolkje oan 'e loft, dat ynienen freeslik bigong to rommeljen.
De boer woarde der sa kjel fan, dat hy foel der hinne. Letter fornamen se dat it spoar, dat ridlik gau dêrnei oanlein woarde, krekt itselde lûd hie.
It hie de foarboade west fan it spoar.
nl.verhalenbank.19842