Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wenne nêst jierren in skuonmakker yn Easterlittens. Hy en syn wyfke dat wienen twa bijierre minsken. Elke dei wie hy drok oan 't wurk om hakken en soallen ûnder 'e skuon to dwaen.
Se hienen in sober bistean, it kom krap om. Sa wìe 't froeger, hè? Mar de skuonmakker sei: "Ik ha altyd noch de hope dat wy 't iens better krije sille."
"Lit dy hope mar...
nl.verhalenbank.33244
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe.
As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
In famyljelid fan heit hat us mei in pleachbeest to meitsjen hawn. Dy moest nei Kûkherne ta. Dat wie in hiel ein rinnen. Hy siet by minsken en dêr hienen se 't oer in pleachbeest. Hy sei: "'t Bistiet net, dat der pleachbeesten binne." Mar de oaren hâldden fol fan wòl. Hy sei: "As se der dan binne, hoop ik jounich ien to sjen."
Sa rekke er fuort. Hy hie...
nl.verhalenbank.19321
Ik haw by in Grinslânse boer yn 't wurk west, dat wie in spotter. Hy sei tsjin my: "Bistû bang by nacht yn 't tsjuster?"
"Né", sei 'k.
"Durfst dan tussen twaalf en één wel om de plaats loopn?"
"Ja, hwerom net", sei 'k. "Jo ek wol, net?"
"Ik heb geen vreze", sei er. "As komt de duvel met z'n grootmoeder ook, dan heb ik nog geen vreze."
Doe sei de...
nl.verhalenbank.19864
Hoe't men in wikseldaelder krijt:
As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe.
Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst...
nl.verhalenbank.19380
Der wie in greatfeint, dy wenne by de boer yn Boarn. Op in kear gong er nei Hinke ta. Hy woe de takomst wite. Hinke sei, der soe him in great ûngelok oerkomme. De greatfeint leaude it net.
Der wie ek in lytsfeint by har op 'e plaets. Dy wie deabinaud yn 't tsjuster. Doe moest der us in kear in stik ark helle wurde. Dêr moesten se twa, trije stikken lân...
nl.verhalenbank.23625
Yn Boarnburgum wenne Wyberen fan Hâns van der Wal, in frijgesel. Hy wie yn Easterboarn yn 'e ûngetiid by in boer. Op in snein-to-joun gong er nei Hinke Kaert ta, dy't op Nijebrêge wenne. Hinke lei him de kaert út. Hja sei, hy soe nuver ûngelok krije. Dat leaude Wyberen net, hwant hy wie geheelûnthâlder, dus fan 't sûpen soe it net komme kinne.
't Wie op...
nl.verhalenbank.23624
Yn 'e Koaten preke al ris in doomny sa bêst, dat de froulju sieten hast allegear to snokken.
Doe't er amen sprutsen hie, sei er: "Jullie kunnen 't geloven, maar ik geloof het niet."
En hy woarde koekoopman. (Dit fortelde mem)
nl.verhalenbank.32934
Yn Burgum wenne in boer, dy struide in protte stront oer syn stikje bou hinne. Doe gong dêr in gelovich mantsje by him lâns. Dy sei: "Mei Gods segen kinne jo hjir in goeije frucht fan forwachtsje."
Doe sei dy boer: "Ik segenje it sels."
Hy boude der hjouwer yn. 't Woarde fiersto geil, 't gong lizzen en der kom neat fan torjochte.
nl.verhalenbank.33160