Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in boerke, dat hie forlet fan jild.
Doe kom de âld feint by him, dy sei: "Ik woe dyn siele wol keapje."
"Dy kinst àl krije," sei 't boerke, "mar dan mast my dizze lears fol jild leverje."
"Nou," sei de âld feint, "dat nim ik oan. Hingje dy lears mar oan 't groubynt yn 'e skuorre. Mar as ik him fol ha, dan pak ik dy direkt."
"Bêst", sei 't boerke,...
nl.verhalenbank.25194
Frijmitselders ha noait forlet fan sinten. Dy krije se fan 'e duvel. Mar dan is de siele nei de kelder. Dy't ienkear frijmitselder is mat it bliuwe. Wolle jo by de frijmitselers wei, dan wurde jo op de iene of oare wize fan kant makke.
nl.verhalenbank.25197
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele.
Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel.
Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Meinte Sjouk fan Westergeast hie ek in wikseldaelder. Dy hie ek noait forlet fan sinten. Minsken dy't in wikseldaelder ha timmerje altyd oan 't hûs.
nl.verhalenbank.26327
Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Dy ha noait gjin forlet fan jild. Sy ha in wikseldaelder. Dêrfoar binne se oan 'e duvel forkocht. Oan in tiid ta, dan hellet de duvel har. Dy't dêr by wol wurdt blyndoeke yn in keamer litten. Om 'e sawn jier moat der ien dea. Dêr wurdt om lotte. Dy't ienkear frijmitseler is, kin der net wer by wei. It kontrakt mat er mei...
nl.verhalenbank.26326