Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 't slot yn Aldegea wenne van Haersma. De man wie grytman. Hy wie ûngelokkich, hy koe 't wetter net hâlde. Dan hied er deis in greate rok oan.
It wie der allegear jild, mar allinne klinkende munt, gjin papierjild.
Doe't er forhuze wienen der acht weinfollen jild yn kisten. De achtste wein wie sa swier laden mei jild, dat dy koe 't net hâlde, dy is...
nl.verhalenbank.22986
Lju dy't forlet fan jild ha geane by de frijmetselaars. Dan ha se noait wer forlet. Dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.23050
Biesterveld wenne yn Drachten oan 'e Dwarsfeart.
Dêr wie elkenien binaud foar, hwant hy wie in moardner. Net ien dy't him fortroude. Hy wie ek in rover.
Op in kear doe siet er yn 'e herberch. 't Wie yn Garyp.
Doe kom der nòch in man yn 'e herberch. Dy man dy moest nei Drachten ta. Hy hie in tas mei jild yn 'e hannen.
De kastlein seach hoe't Biesterveld...
nl.verhalenbank.22774
Yn Kubaerd, dêr meanden twa poepen. Se hienen it lân der ôf, it wurk wie dien. De jouns rekkenen se ôf mei de boer. Se barden elk har jild.
Doe sei de boer: "Gean jimme joun noch fuort?"
"Né," seinen se, "wy bliuwe fannacht noch yn 't hea."
Doe't se dêr dy nachts yn 't hea leinen, gong de iene oerein en pakte syn harhammer. En dêr sloech er syn maet de...
nl.verhalenbank.31536
Frijmitselders krigen altyd jild fan 'e duvel. Dêrtroch hienen se noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22699
Ik haw in âld frou kend to Ljouwert, dat wie Aukje Procee. Se wenne yn 'e Amelânsstrjitte en hie handel yn fodden. Dat minske wie frijmitseler. Se joech jin noait de hiele hân mei 't fûstkjen. Se seinen dat se in wikseldaelder hie en noait krapte oan jild hie. Om 'e safolle jier moest der ien fan dy frijmitselerploech dea en sa is hja ek in kear oan 'e...
nl.verhalenbank.32127
Fan ien, dy't noait forlet fan jild hat, sizze se: dy hat fêst in wikseldaelder. In wikseldaelder komt fan 'e duvel. Hy rekket noait op yn 'e beurs. Altyd groeit er wer oan dat de folle waerde wer yn 'e beurs sit.
nl.verhalenbank.31563
Hart Boonstra (byneamd H. Dekker) wenne op 'e Sumarreheide. Sy seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht, hwant hy hie altyd wol sinten en hy die noait in slach.
nl.verhalenbank.23114