Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Grins kochten Ymke en Auke en Wytse in pakje tabak foar in dûbeltsje. Ymke bitelle de man. Hy lei de sinten op 'e toanbank del. Mar doe't de man se krije soe, leinen der gjin sinten.
Ymke sei: "Nou opgepast. Nou sil 'k se jo yn 'e hân dwaen."
Hy lei se de man yn 'e hân, mar doe't er him omkearde wie de hân leech.
Sokke kueren hied er altyd. De man hat...
nl.verhalenbank.22028
Piter Wouters wenne yn 'e Broek. 't Wie dêr allegearre jild by him. Hy wie frijmitselder. As er forlet fan jild hie, seinen se, hong er it ponkje oan 'e doar.
nl.verhalenbank.22006
Wy ha twa jier njonken stammerige Harm wenne. De minsken seinen dat er tsjoene koe. De man hie altiten wol jild. Hy wie oan 'e duvel forkocht, seinen se en hy hie in wikseldaelder. Mar hy wie ek ôfgryslike deun en sunich. As er ûnderweis út 'e broek moest, died er syn bihoeften yn 'e bûsdoek. Hy pakte 't yn en naem it mei en lei it by him thús op it...
nl.verhalenbank.20117
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich.
De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter.
Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde.
As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan.
Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
nl.verhalenbank.21992
De dokters binne gleon op 'e helms. As der ien mei de helm geboaren wurdt, dan moffelje se dy helm gau wei. Hwant dy helms binne jild wurdich. Dy kinne se djûr forkeapje.
In soldaet, dy't in helm by him draecht, dy kinne se noait deasjitte. Dy is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.20109
Der wienen twa rovers. Dy woenen twa man oanfalle. Sy wisten dat dy jild by har hienen en dêr wie 't dy beiden om to rêdden. Se roannen de twa man tomjitte. Mar dy krigen dêr lucht fan. Se hienen gjin wapens by har en sy tochten: wy matte ús ergens forskûlje, oars gean wy der oan.
Doe lei dêr in omkearde boat oan 'e kant fan 'e wei yn 'e berm. Dêr krûpten...
nl.verhalenbank.33516
Der lei in boatsje omkeard op 'e kop yn 'e berm fan 'e Boppewei. Dêr sieten twa man ûnder. Doe kaem de dûmny der oan. Dy stapte troch. Doe kamen dy beide mannen ûnder 't boatsje wei. Sy kamen him op side. Doe seinen se: "Jouw geld of jouw leven!"
Dûmny joech har de sinten dy't er yn 'e bûs hie.
"Segen mei 't jild", sei er.
Sy lieten de dûmny fierder gean...
nl.verhalenbank.22150
Auke de Vries en Wytse, beide út 'e Westerein, sieten op 'e boat dy't fan Appingedam nei Grins farde. Ymke de Jong siet ek by har op 'e boat. Mar Ymke hie gjin sinten, dat it stie slim, as it aenst op biteljen oankaem.
Auke en Wytse spilen hwat op 'e harmoanika.
Ymke frege of er ek even spylje mocht. Ymke krige de harmoanika, mar hy raspte der sa bot mei,...
nl.verhalenbank.22027