Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: geld Narrator Gender: female Place of Narration: Buitenpost
In boer soe mei in sekfol jild nei hûs ta. Hy hie handel dien. In soldaet kom him achterop. "Sil ik dat foar jo sjouwe, boer?" "Graech", sei de boer, hwant hy wie warch. De soldaet kom mei en rekke by de boer yn 'e hûs. "Jo kinne hjir fannacht wol bliuwe", sei de boer. Dat gebeurde. Doe kom der de jouns in frommes by de doar, dy woe dêr dy nachts graech...
nl.verhalenbank.20167
Harm Fodde (= Spoeke Harm = Stammerige Harm) dy koe him foroarje yn in kat. Hy koe tsjoene. Harm hie jild ûnder yn 'e sek. Hy hie ek in wikseldaelder. Hy hie noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22856
Frijmitselders ha ek noait gebrek oan sinten. As se jild brûke matte, krije se 't ek. Sy krije in hammer en in beitel mei yn 'e kiste. As se ienkear frijmitselder binne kinne se der noait wer by wei komme.
nl.verhalenbank.22857
Frijmitselers meitsje in hûs dat se bouwe noait hielendal ôf. Hja ha in forboun mei de duvel sluten. Se krije jild fan 'e duvel. Dy't ienkear by de frijmitselers is kin der net wer by wei. Om 'e sawn jier mat ien fan har stjerre. Of sy matte ien dea meitsje of sy moatte selsmoard plege. It lot wiist oan hwa't it dwaen mat.
nl.verhalenbank.36157
De duvel hie yn 'e skrúf sitten. Dêr hied er danich syn bikomst fan, dat hy wie deabinaud foar de skrúf woarn. Nou wie der in man, dy wist dat. Dy hie syn siele oan 'e duvel forkocht foar jild en nou soe de duvel him de oare deis om fjouwer ûre ophelje. Dat stie yn 't kontrakt dat dy man sels mei bloed ûndertekene hie. De man dy sei tsjin syn wiif: "As de...
nl.verhalenbank.18122
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hied er fan 'e duvel. As er dy wikseldaelder útjoech, kom er altyd wer. Sadwaende hied er noait gebrek oan jild. Hy die neat oars as skoaijen, mar hy hie dêrom skiep op it lân en hy hie altyd jild om út to lienen. Hy hie him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.36145
Stammerige Harm fan Twizelerheide hie in pot mei jild yn 'e groun. Dat jild hied er fan 'e duvel krigen. Om dat gat yn 'e groun hied er in reidsket hinne. Hy krûpte yn 'e groun om jild op to heljen. Hy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Syn wiif hat er heal forkomme litten.
nl.verhalenbank.20445
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se hingje de lege ponge mar even oan 'e kruk fan 'e doar en even letter sit dy fol jild.
nl.verhalenbank.36319
35