Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Bauke Haarsma hie in wikseldaelder, seinen se altyd.
Mar it nuvere is dat de man letter felyt rekke is.
nl.verhalenbank.20370
Sterke Hearke syn suster Rixt wenne yn Twizel by de smid.
Dêr stienen twa ambylden yn 'e smitterij. It greatste dêrfan dat woech ettelike kilo's.
Doe seinen de lju ris tsjin Rixt, hja koe dat greatste ambyld wol bûten krije. Hja sei, dat koe se net dwaen.
Doe seinen se: "Wolst wedzje om in goune?"
Mar Rixt woe net.
Doe't it kofjedrinken wie gong Rixt der...
nl.verhalenbank.28882
Ien dy't in wikseldaelder hat, hat himsels oan 'e duvel forkocht. De wikseldaelder komt altyd wer by deselde dy't him útjown hat.
nl.verhalenbank.19939
Ek in kear doe moest Hearke in sek fol jild nei Ljouwert ta bringe. Hy hie de sek oer de rêch, dat wie in swiere sjou, hwant sulverjild weecht der yn.
Underweis waerd er troch twa man oanfallen. Dat wienen banditen. Mar Hearke naem yn elke earm ien en sloech dy beide hearen tsjin elkoar oan.
Doe hienen se genôch. Hja makken hastich dat se fuortkamen.
nl.verhalenbank.37321
Imke de Jong koe sizze: Safolle jild ha jo yn 'e bûse. Dat wist er altyd krekt. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21379
Hindrik Holthuis wie froeger ien fan 'e raersten fan 'e Harkema.
Dyselde fan 'e jonges, dy't it bêst flokke koe, dy krige fan him in sint foar in ulevel. Dêrtroch is er us in kear hiel bot smiten woarn troch de duvel. Sûnt wied er bikeard.
It gebeurde by de Langewyk. Hy kom fan 't Jachtfjild.
Letter wie 't ien fan 'e froomsten fan 'e Harkema. Hy joech...
nl.verhalenbank.28814
Myn pake Mike Ruerd hie in wikseldaelder. As er forlet fan jild hie die er mar even de pet ûnder 'e tafel. As er him wer tofoarskyn helle hied er wer jild.
Pake hie him foar dy wikseldaelder oan 'e duvel forkocht.
De âld man is ek net noflik stoarn.
nl.verhalenbank.33198
Edzer Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Dêr hat er de namme sint fan krigen, omt er altyd wol sinten om hannen hie. Deselden dy't in wikseldaelder ha, ha har forkocht oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.20046
It mat yn Eastemar gebeurd wêze. Dêr wenne in faem, dy hâldde in weddenskip mei in pear feinten. Sy soe nei 't tsjerkhôf ta yn 'e nacht en dêr de biezemstok yn it graef fan har forstoarne frijer stekke. Dan koe se in ryksdaelder fortsjinje.
Hja gong der hinne. It waeide ta. Doe't se de stok yn it graef stekke soe, fornom se net, dat se der in tippe fan...
nl.verhalenbank.21358
Op in kear wied er op 'e merke yn Droegeham. Dêr wied er hinne gong to gûcheljen. Doe wie der ien fan 'e Harkema, dy hie wol sin oan in buorrel. Mar hy hie gjin sinten. Doe sei Imke: "Hjir hast in goune." Doe joech er dyselde in goune. Mar dy liet him fuort wer falle, hwant dy goune brânde him de hân hast út elkoar, sa gleonhyt wied er.
nl.verhalenbank.20042
Bindert Japiks fan 't Kleaster wie in stjerrekundige. Dy seach nachts faek nei de stjerren. Dan lei er op in bank. Op in moarn kom er oan tafel sitten. Heit wie der ek by.
"It is net bêst", sei de boer. "Nou is fannacht de himel nei ûnderen kom of de ierde is omheech kom."
Doe hienen se stiennen ûnder 'e fjouwer poaten fan 'e bank lein, dêr't er op lein...
nl.verhalenbank.28780
Sterke Hearke reizge us mei in ponge mei jild fan 't postkantoar fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie, seach er dêr in omkeard boatsje lizzen oan 'e kant fan 'e wei. Hy tocht: It is hjir iensum en it is aerdich tsjuster. 't Kin bêst wêze, dat der fremd folk is, dy't net folle goeds yn 't sin ha. As dy my aenst treffe wurdt it...
nl.verhalenbank.19936
Der wennen guon yn 'e Harkema, dy hienen in wikseldaelder. Dy hienen har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.20387
Hearke wie ek us in kear ûnderweis, doe kommen der twa op him ta. Dy woenen him oanfalle. Hearke hie jild by him.
"De sinten of 't leven", seinen se.
Hearke hie in dikke iken stok by him. Hy sette it ponkje mei jild, dat er droech, op 'e groun en sei: "Hwa't der 't neist oan ta is, dy pakt it mar."
Ien fan 'e beide mannen bûgde him en woe 't pakke, mar...
nl.verhalenbank.19937
Wolle jo in wikseldaelder ha, dan matte jo jo forkeapje oan 'e duvel. Jo matte trije slaggen om 't tsjerkhôf hinne dwaen en dêrby in formule opsizze.
Jo haww dan noait wer forlet fan sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket noait op.
Frijmetselers ha sa'n wikseldaelder, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.28877