Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Egypte wenne in man, dy syn wyfke forstoar, mar nei har dea kom se alle dagen by him. Hy helle de dûmny der by, dy't har oanspruts en frege hwat se bigearde. Oan dy dûmny joech se har bigearte to witen. De man foldie oan dy bigearte en it spoekjen wie dien.
nl.verhalenbank.15731
Der binne wol minsken, dy wolle jouns bûtendoar bislist net hwat opite fanwege de kweageasten, dy't dan warber binne. Dy har egen geane oer dat iten en dan kin 't jin wolris min bikomme.
nl.verhalenbank.26310
Ik haw kunde hawn oan in Roomse man, dy sijn broer koe alles sjen. Hy en syn broer roannen us togearre tusken Hûs ter Noord en Kollumersweach. Doe hie syn broer him beet krigen en sein: "Mast hjir even komme."
Even letter sei er: "Nou kinst dêr wol wer hinne gean. Hast neat sjoen?" "Né," sei myn kammeraet, "allinne mar in mylpealtsje. Wie der dan hwat?"...
nl.verhalenbank.26313
Yn dy buert hat us ien mei de skoukarre west. Doe waerd er samar ynienen opnaem en yn 'e sleat smiten. Hy hie noait hwat sjoen. Hy fortelde 't Hindrik. Dy sei: "Dû hast dêr ien yn 'e wei roun. In geast hat dêr lâns matten."
nl.verhalenbank.26315
In nachtmerje is in geest. Sy kin har foroarje yn in ding. It is in soart skaed. 't Binne duvelsstreken, dy't se docht.
nl.verhalenbank.16065
Soms dwaelden der minsken op 'e paden om dy't al stoarn wienen. Dy hienen hwat útheefd en koenen de rêst net fine. Of se hienen noch in bigearte, dy't earst yn forfulling gean moest.
Ek guon dy't formoarde wienen dwelmen nachts om. Yn Kollumersweach wie in wiif stoarn, dy har man hie har min bihandele. Nei har dea kaem se hyltyd wer by dy man. Soms roun...
nl.verhalenbank.29939
By de Skilige Piip hat froeger in slot stien. Yn dat slot wenne in âlde hear. Letter is dy âlde hear formoarde en sûnt dy tiid spoeket hy dêr altyd op 'e Boppewei om, dy't nei de Falom giet.
In hiel soad minsken ha him sjoen, soms op ljochtskyndei. As ien oan it ploeijen wie, koe 't gebeure, dat se de âlde hear op 'e oare ein fan it lân seagen.
nl.verhalenbank.15766
Yn 'e Westerein wenne in âld wyfke, dat koe noait sliepe. Altyd wie der nachts lawaei by har ûnder it bêd. De soan dy sei: "Nou sil ik der fannacht us sliepe." Mar doe wie 't krektsa.
Doe gong de soan nei greate Wopke, de duvelbander fan Kûkherne. Hy lei him it gefal út. Wopke frege: "Sjogge jimme oerdei wolris hwat?" "Ja, om itenstiid hinne is der altyd...
nl.verhalenbank.15765
It gebeurt soms wol us, dat ien dy't to hôf brocht is de rêst net fynt. Dan komt er wer. Meastal mat er dan hwat ha. De doomny freget him dan wol faek hwer't er forlet fan hat. Dan neamt er dat.
As men him dat jowt komt er net wer.
Mar men mat goed oppasse hoe't men it him jowt. Men mat it yn in bûsdoek byelkoar rolje en in tippe fan 'e bûsdoek fêsthâlde....
nl.verhalenbank.25362
Hjir yn 'e omkriten mat us in frou west ha, doe't dy kom to forstjerren, hie se net meikrigen yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hie. Doe koe dat minske de rêst net krije en sy oppenearre har altomets by har folk.
Doe hat doomny har oansprutsen en doe sei hja hwat se bigearde. Doe ha se dat har dan jown.
Mar doomny sei der by: "Tink der om, en jow 't har net...
nl.verhalenbank.25832