Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De Man en syn basis
Dêr dangelt oan 'e lange sleatten
In spoeksel om, dêr elts fan grout.
Eeltsje Halbertsma
'De basis, seinen se, hie er altyd op 'e Saiter, of foar de Saiter oer. Dat wie op 'e helte fan 'e Langesleatten. Dêr troffen se him altyd. Dêr leit in stik lân, dat haw ik withoefaken meand, earst mei de seine, letter mei de hynders wol en noch...
nl.verhalenbank.13040
Yn Droegeham wennen in pear âlde minsken, dy hienen nachts brandewyn op 'e holle. Dan hienen de kweade geasten gjin fet op har.
nl.verhalenbank.21183
By it Weidumerhout troffen heit en syn twa maten ris trije moaije wite dames. Dy kommen der oanstappen. Heit en syn maten soenen to kanaelslatten. Sy seinen tsjin elkoar: Dêr wolle wy elk ien fan ha.
Mar doe't se tichterby kommen, wienen de dames sa mar fuort as wie 't loft.
nl.verhalenbank.12223
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481
Op it Earrebarrenêst op 'e Deltike, flak by de Harstewei, wennen twa healwize bruorren en in healwize suster. Dêr't dy wennen, dêr spoeke it.
nl.verhalenbank.12219
Yn Aldegea is 't gebeurd, dat der in man kom to forstjerren en se hienen him it leedguod net meijown, dêr't er rjocht op hie. Hy kom hyltyd werom en dan tikke er op 'e ruten. Doe ha dy lju de doomny der by helle. Dy joech de rie, sy moesten it guod mar op in joun njonken 't hûs dellizze.
Dat ha se doe dien: in himd, in lekken, in kessensloopke en in lange...
nl.verhalenbank.21189
To Boarnburgum, by de Biskopsstien spoekje de trije biskoppen om. Guon ha se dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.12224
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen.
Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek?
Né, 't wiif leit op bêd.
Is se dan siik?
Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear.
Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit.
Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
Op in kear sahwat om tolve ûre hinne yn 'e nacht kommen ik en myn wiif Tsjits us by it plak lâns, dêr't nou it nije tsjerkhôf yn 'e Harkema is. Dêr wie doe in reed en dêr seagen wy 2 lytse berntsjes, dy't elkoar by de hân beet hienen. Ik ha myn wiif dêr wei lutsen, hwant dy koe allinne net in stap mear forsette. De berntsjes gongen de reed del.
nl.verhalenbank.20227
Ik haw us op in moarne bitiid oan 'e Lytse wei by de Harkema âlde Wypke sjoen. Sy hie in Ingelsk learen skelk foar. Doe wie se al in pear jier lyn formoarde.
nl.verhalenbank.20222