Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: geboorte Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
It fûlens (ûngâns) fan in hynder woarde yn 'e beam ophong, it moest njoggen dagen hingjen bliuwe.
nl.verhalenbank.28698
Jille Antsje wenne yn 'e Petten. Dy wie mei de helm geboaren. It minske seach alles foarút.
nl.verhalenbank.28514
Oardel jier en in wike neidat ús Gees geboaren is, soenen wy nei ús wurk ta. Doe't wy fuort gongen, sei ús mem: "Nou is 't myn tiid ek." Deselde deis stoar se. De nachts fan tofoaren hie se in lyts dea popke krigen. Sy woarde mei 't bern bigroeven, togearre yn ien kiste. Der kom in wite pakdoek oerhoeks oer de kiste to lizzen. Sa stie dy op 'e boerewein....
nl.verhalenbank.27419
Us mem wie yn forwachting, sy moest in lytsen ha. Wy hienen in lyts dykje achter hûs. Dêr kom alle dagen in houn boven op en dy spûkgûlde mar. "O heden," sei mem, "dit komt net goed. Jij dû dy houn dêr us wei", sei se dan tsjin my. Doe't it bern der kom stoar it fuort dêrnei.
nl.verhalenbank.27418
Tsjerk Boonstra wenne oan 'e Mûzegroppewei. Dy syn wiif wie èk mei de helm geboaren. Wy kommen dêr ris in kear lâns, doe woarde it minske lulk op my. Sy sei: "Sy ha fannacht de apels by ús stellen." Sy hienen in apelhôf. Doe sei se: "Ik hie 't justernacht wol sjoen." Ik sei: "Hwerom gongen jo der dan fannacht net hinne to sjen, as jo dat wol wisten, of...
nl.verhalenbank.28798
Myn wiif soe in lytsen ha. Ik moest de froedfrou ophelje fan Surhústerfean. It wie yn 'e nacht. Doe seach ik by 't tsjerkhôf in keardel stean. Ik seach wol dat dat net doogde. Ik sei navend, mar hy sei neat werom. Doe't ik der op 'e weromreis mei de froedfrou lâns kom, stie er dêr noch. De froedfrou seach it ek. Wy ornearren dat it de kweade wie. De...
nl.verhalenbank.27293
Der hat hjir in frommes wenne, dy hiet fan Det. Dat frommes kaertspile altyd, as se in bern forwachte. Doe't se bern krige, sieten de ôfbeeldingen fan de kaerten dy bern op 't boarst.
nl.verhalenbank.26360
As froulju safier binne, matte se net mei in kat boartsje. Hwant dan krije de bern in knûstje.
nl.verhalenbank.26361
In frommes dat yn forwachting is, mat net ûnder 'e line trochrinne, hwant dan krijt it bern stringen om 'e hals en kin it smoare.
nl.verhalenbank.26362
Der wie hjir in frommeske, dat siet altyd to kaertspyljen. Doe't se in bern krige, hie dat alle kaerten as merk op it boarst.
nl.verhalenbank.16909
Hindrik Schievink wenne hjir yn 'e Harkema. 't Wie al in âld man. Syn dochter wenne yn Brabân. As syn dochter wer in lytsen forwachte, kom der in fûgel by him by de doar. Dan sei Hindrik: "Ik wurd èk wer pake." En it kom altyd nei.
nl.verhalenbank.28593
Der binne minsken, dy kinne net troch in kûgel rekke wurde. Sokke minsken binne kûgelfrij. Hitler wie ek kûgelfrij. As jo mei de helm geboaren binne en jo hâlde dy, dan binne jo èk kûgelfrij en, dan ha jo ek altyd sinten. Mar nachts matte jo der faek ôf. Dan wurde jo der ôfkloppe. Frijmetselaren binne ek kûgelfrij. Dy ha in forboun mei de duvel. Om de...
nl.verhalenbank.28784
Der wurde wol bern mei de helm geboaren. Dy't sa'n helm hat is kûgelfrij. Dokters binne hyt op sa'n helm. In kaptein op sé, dy't in helm hat, sil syn skip altyd bihâlde. Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Sy ha in forboun mei de duvel. As frijmitselers nei 't café ta geane om even oan to stekken en sy ha gjin jild, dan geane se even yn in hoekje stean en...
nl.verhalenbank.28592
Taeke Postma is jong stoarn. Hy wenne èk yn 'e Bosk. Hy wie mei in helm geboaren. Op in nacht, doe kom der him in bigraffenisstoet tomjitte. Doe gong er gau oerside. Hy sei de oare moarns: "Hjir stjert yn 't koart ien, ik ha de bigraffenis sjoen." Dat is doe sekuer nei kom.
nl.verhalenbank.28797
Hjir wienen minsken dy kaertspilen altyd in soad. De froulju dienen mei, ek as se yn forwachting wienen. As der bern geboaren woarden hienen dy in kaert op 'e holle of op 'e rêch of op it boarst. Dêroan koe men wite dat it duvelskaerten wienen.
nl.verhalenbank.28805
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
35