Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: geboorte Narrator Gender: male Place of Narration: Boelenslaan
Der wie in frou, dy forwachte in bern. Har man wie der us op út to stropen. Doe 't er thúskaem frege de frou: "Hast ek hwat sketten?" Hy goaide in hazze by har op bêd. It jonkje, dat letter geboaren woarde, hie in hazzemûle.
nl.verhalenbank.17403
As in frommeske in bern forwachtet, mat se yn dy tiid net ûnder 'e line trochrinne, hwant dan komme der stringen om it bern hinne to sitten.
nl.verhalenbank.27275
Der wie in frommes, dat wie in Detsje de Hoan fan 'e Harkema. Dy siet altyd to kaertspyljen, ek as se yn forwachting wie. Alle bern, dy 't geboaren woarden, wienen biplakt mei spylkaerten en sy mocht der net ien fan bihâlde.
nl.verhalenbank.17404
Alde Hindriks Janke fan 'e Harkema koe altyd krekt fortelle hwannear't der ien op 'e buert stoar. Sy plichte it wol gauris tsjin ús mem to sizzen, dan wist dy it ek. Us mem hie fiif kear in bern forlern en dêr hie se it tige mei to dwaen hawn. Doe sei Janke op in kear tsjin mem: "Der komt wer in sterfgefal op 'e buert." "Och heden," sei mem, "as 't wer by...
nl.verhalenbank.28081
Myn heit fortelde, dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Myn broer Hindrik is mei de helm geboaren. heit seach it, by de bifalling. Heit die him der gau ôf. Hy loek him nei ûnderen ta. Hy hat him forbrând. Dokters knoffelen de helms froeger faek achterút. Dan forkochten se dy oan ofsieren yn 't leger. Wurdt de helm by 't ôfnimmen omheechlutsen,...
nl.verhalenbank.24877
Ik hie spul hawn mei myn âlden, doe kom ik by myn broer Ielke yn 'e hûs. Dêr krige ik ek spul mei, doe kom ik by myn âldste broer yn 'e kost. Dêr wie 't earmoed troef. Syn frou hat sechstjin ûntidige bifallingen hawn, dy bern binne allegear weirekke op 'e dei fan 'e geboarte. Mar trije binne yn leven bleaun, dy binne der nou noch, mar 't binne eins...
nl.verhalenbank.24444
Froeger lei hjir yn 'e Loane in greate stien; dêr kommen de poppen ûnder wei, seinen se.
nl.verhalenbank.28132
As der in ekster by 't glês komt bitsjut dat ek in deaden. De ekster is dan de boade. It is like folle as in roubrief. As in ekster op it hiem omskattert wol er ek in tiding bringe. Mar dan hoeft it net in minne tiding to wêzen. In jier of hwat lyn skattere hjir ek in ekster om. Doe hie myn dochter in lytsen krigen. Dat wie 't nijs, dat er bringe woe.
nl.verhalenbank.28085
35