Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By 't Kleaster (= Buweklooster) wie in ûnderierdske gong, dy roan nei Eastemar ta. Dêr gongen de nonnen lâns.
nl.verhalenbank.23929
Op 't Bomkleaster stean trije boereplaetsen. Op 'e middelste wenne de zevendaagse boer. Dat wie Bindert Japiks Kloosterman. Dêr arbeiden se deis en sneins en altyd troch. Dêr by dy plaets hat in kleaster stien. Under dy plaets is in ûnderierdske gong. Dêr binne se alris yn west. Sy hienen in ljocht by har. Mar sy binne net oan 'e ein ta west, hwant sy...
nl.verhalenbank.28565
Us mem lei op it stjerbêd. Ik en Abraham Hindriks Tryn sieten togearre to naeijen oan in jurk fan Tryn. Hindrik fan Jouke Tseard wie der ek by, dy hie in sekfol hea forkocht.
Doe kom der samar ynienen in frommes mei in swarte hoed op ta de gong yn en dy gong der ek sa wer út. By de hage woarde se wei, krekt as sakke se yn 'e groun.
nl.verhalenbank.12356
Der wurdt wol sein dat der by 't Bomkleaster in ûnderierdske gong is.
nl.verhalenbank.34590
Yn 'e Like stiet in slot, dat ha de Moaren dêr boud. Letter is dat yn hannen kom fan rikelju. Dêr wienen ek ûnderierdske gongen by. En sy hienen ek in skatkeamer.
De faem moest wolris nei dy skatkeamer ta om 't spul dêr skjin to meitsjen. Dan biseach se 't spul altyd. Der wienen allerhande kostbere sieraden yn en sa.
It famke fan dy rike minsken gong...
nl.verhalenbank.25788
Sy hienen by Jehannes altyd alle klompen foar yn 't gonkje op 'e kop. Dan knoffele de nachtmerje de skonken.
Alde Tiet krige de skuld. Dat wie de nachtmerje, seinen se by Hindriks Truis. Dy hie us in kear by harren de reed lâns gong. Hja hienen 'navend' tsjin har sein. Doe hienen se òmsjoen, en doe wie se spoarloas verdwenen. Jehannes wie stjerrend-binaud...
nl.verhalenbank.22219