Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ek op in kear, doe wienen se yn 't âld fabryk, doe wie dêr in man, dy krige sin oan pikelhearrings. Jehannes wie der ek by. It duorre net lang, of dêr wie de man mei pikelhearrings al. Hja hearden him roppen: "Pekelharingen!"
De mannen gongen der gau hinne, mar doe wie hy der net.
Jehannes hie har foar 't soaltsje hawn.
nl.verhalenbank.37959
Op in kear wie der in muoike fan my bitsjoend. Hja hie krânsen yn 'e kessens. Doe gongen se foar har nei Sumarreheide ta, dêr wenne de duvelbanner Piter Poes. Dy kom by har op in karre, mei twa hounen der foar. De hounen koenen op 't lêst net mear lûke, sa swier loek it, sei Piter Poes.
Hwat Piter Poes oan muoike dien hat, wyt ik net, mar doe't se pisje...
nl.verhalenbank.37965
Hjir op 'e Langediken wenne in âld minske, dat tsjoene koe. Myn âldste broer en suster dy gongen ris op in kear nei skoalle ta. Doe sei Lammert tsjin har: "Dû mast de mûle goed ticht hâlde, oars wurdst bitsjoend." Dat mienden se froeger echt.
nl.verhalenbank.37964
Wy sieten ris meielkoar yn 't âlde sûkerijfabryk; Jehannes wie der ek by.
Doe rôp Iebel - dat wie Klaes syn mem - : "Ite!"
Se seinen tsjin Klaes: "Nei hûs ta jong, dû mast ite."
Doe't Klaes thúskom, sei Iebel: "Wy hoeve noch lang net to iten." Doe hie Jehannes wer oan 't bûksprekken west.
nl.verhalenbank.37958
Yn Hurdegaryp, op Bennemastate, stie in hekke, dy't altyd om 12 ûre yn 'e nacht iepen gong. Hy waerd dan iepen smiten troch in ûnsichtbere macht.
Froeger is dêr ris in moard gebeurd.
nl.verhalenbank.38302
Wie der in bern siik dan waerd der al gau tocht dat it wolris bitsjoend wêze koe. Dan gongen se hinne en toarn it holkessen los en dêr sieten dan soms fearrene krânsen yn. Wie dat it gefal dan wienen se der wis fan dat it bern bitsjoend wie. Der siet fan alles yn dy krânsen binaeid: allegearre lapkes en knipsels en triedden, guod dat by 't naeijen en...
nl.verhalenbank.37861
Op in kear kommen der guon mei in fracht reid by de boer, dêr wie Jehannes ek by. Doe sei Jehannes: Sille wy de hinnen ris roppe? Doe rôp er en dêr kommen alle hinnen oanrinnen, bûtendoar, de hoanne yn 't midden.
Doe die de hoanne in stap nei foaren. Doe sei Jehannes tsjin 'e hoanne: "Dû mast steanbliuwe, heite." Doe die de hoanne in stap tobek.
Doe sei...
nl.verhalenbank.37888
De tsjoensters bitsjoenden meastal bern. Dan kommen der krânsen yn 't kessen, dêr't it bern mei de holle op lei.
Dan gongen se nei Wopke ta en dy joech in drankje mei foar 't bern. Dêr mochten gjin egen oer gean.
De krânsen woarden forbarnd.
nl.verhalenbank.38176
Der wie in hokling op 'e stâl, dy siet op in kear sa raer fêstboun, dat it wie gjin goed spul. Doe is de man dy syn hokling it wie, nei greate Wopke ta gong.
Wopke sei: "Ik sil jo aenst in drank meijaen. Mar der komt jo aenst ien tomjitte. Dan matte jo al foarsichtich wêze en de drank net oan dy kant hâlde, dêr't dyselde lâns giet. Tink derom. Ik sil...
nl.verhalenbank.38228
Pake hat twa kear troud west.
Syn twade wiif gong ris in kear nei de merk ta. Doe wie se noch net troud en sy koe pake noch net. Doe kom se yn in tintsje, dêr siet in wiersizter yn. Dat wiif fortelde har, hja soe trouwe mei in lange greate, bleke man. Dat is krekt sa útkom. It minske lies it út beppe har hân.
nl.verhalenbank.37898
Us mem fortelde, dat in broer fan heit - dat wie Albert, in omke fan my, soe nei 't Godloas Tolhûs ta to praten. Doe't er wer nei hûs ta soe, is er fordronken.
Us heit wie dy nachts tige ûnrêstich, hy hie lûd gûld. 't Wie allegearre wetter, dat er seach.
De oare deis brochten se heit syn broer as fordronkene thús.
nl.verhalenbank.38175
Der siet ergens in man yn in kroech mei in stik of hwat oaren. It wienen allegearre greate spotters. Hja hâldden in weddenskip. Ien soe nei 't tsjerkhôf ta yn 'e nacht nei in bipaeld grêf en dêr hwat delsette.
Dat soe dan dy iene man dwaen. Hy kom op it plak dêr't er wêze moest. Doe't er dêr wie waerd er yn 'e earm knypt. Hy woarde ôfgryslike kjel.
Doe't...
nl.verhalenbank.37908
Op 'e hoek fan Feanwâldsterwâl hat in man wenne, dy wie stoarn en dy wie nei 't hôf ta brocht sûnder dat er in himd meikrige hie. Sibbele-om wie 't. Dy krige doe gjin rêst.
Hy gong nei 't hûs ta dêr't er ta'n útdroegen wie en der oppenearre hy him in kear of hwat. Doe ha se in himd foar Sibbele-om meitsje litten en dat ha se nei 't tsjerkhôf ta brocht en...
nl.verhalenbank.37892
Greate Wopke koe de minsken stean litte.
Der kommen ris twa keardels by him, dy seinen dat se foar twa sike froulju kamen. Hja hienen it wetter fan dy froulju meinom, seinen se, mar dat wie sa net. De iene hie wetter fan in rún by him, de oare wetter fan in merje. Hja woenen Wopke der tusken ha.
Wopke biseach it wetter, doe gong er nei achteren ta. Hy kom...
nl.verhalenbank.38052
Ergens yn Fryslân stie in slot. De hear en de frou wienen fuort. Allinne de faem wie thúsbleaun mei de âld túnman. Dy moesten togearre op it slot passe.
Dêr kaem in keardel mei in great pak op 'e rêch. Dêr hie er handelswaer yn, sei er, en hy frege de faem of dat pak dêr dy nachts wol op it slot bliuwe mocht, wylst hy nei it doarp ta gong.
Dêr hie dy faem...
nl.verhalenbank.37950
Froeger hiene je hjir in feanterije. Der wienen guon, dy feanten hjir. Dan leveren se turf oan 'e omlizzende plakken. En dan moesten se de sinten dêr wei helje, dy't se dêr foar barre koenen. Se bitellen yn dy tiid net mei papierjild, mar mei ryksdaelders.
Sa hie âlde Willem-om ris op in kear nei Dokkum ta west om jild foar de turf op to heljen. Hy wie op...
nl.verhalenbank.38040
Douwe Gosses siet yn 'e kroech hjir. Dy wie oan 't flokken en oangean. Doe't er nei hûs ta gong waerd er ûnderweis smiten. Dat is sabot oankom, dat hy hat letter noait wer sûpt. Doe wie hy der fan genezen. 't Wie yn 'e Foksegatten dêr't er smiten waerd.
nl.verhalenbank.38069