Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Myn groatmoeke fan Holwert gyng eens feur haar kiend naar Wopke. 't Kiend had kransen in 't kussen.
Wopke sei tegen moeke Tryntsje: Hier heste goed, mar dû moest it an deze kant by dy houwen. En aan die kant moestû niet ien passeare laten, omdat dan dat fleske met goed der an gaat. Ik warskou dy Tryn, denk aan dyn naaste familie.
It waren haar mans vader...
nl.verhalenbank.32614
As men nei de duvelbander ta west hie om drank en men roun oer de Houtsjepaden (= Skeltepaden) by Bouwekleaster (ûnder Harkema), dan rekke dêr de drank altyd stikken.
nl.verhalenbank.20238
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
Der hat hjirwei in manspersoan nei Wopke ta west om in drankje. Wopke joech it him, mar sei: "Tink der om, dat se dy de drank ûnderweis net ûntstelle. Pas der goed op."
De man die de flesse mei 't drankje yn 'e binnenbûse en seach der ûnderweis net wer nei om. Hy tocht, dat it dêr wol feilich wêze soe.
Mar doe't er thúskom, wie 't fleske leech.
Hy werom...
nl.verhalenbank.32953
Hjir yn 'e Westerein wie in bern, dat rekke bitsjoend. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie de duvelbanner. It bern hie krânsen yn 't kessen en dêr sieten allegear triedden en lapkes yn dy krânsen bifrissele, dy wienen út 'e klean dy't dêr yn dat hûs troch de húsgenoaten fan dat bern droegen woarden. Wopke joech in drankje en sei: "Tink der...
nl.verhalenbank.29962
Hjir njonken ha lju wenne, dy hienen in famke, dat wie siik. Achter har wenne in âld minske, dat wie in tsjoenster. Doe hat ús heit foar dy lju nei Kûkherne ta west. Wopke sei: "Ast nou aenst in ein fuort biste, en de drank barst yn 'e bûse, dan is it bern bitsjoend." Heit hie al in ein ûnderweis west, doe woarde him de bûse wiet. Hy taestte, it fleske...
nl.verhalenbank.23903
It gebeurde ris dat der in bern van my bitsjoend rekke. Doe wenne ik hjir al. Doe ik nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke joech my in fleske mei guod. 'k Moest der goed op passe dat it fleske net stikken rekke, sei er, hwant dat koe gebeure. As it iene of oare my tsjin 'e jas oan stompte dan gong 't fleske stikken.
Healwei de Swâdde yn Twizelerheide moest ik...
nl.verhalenbank.24711
Met dat mens hebben we nog meer meegemaakt.
We kregen een kind ziek. Ouwe Joukje kwam vaak even kijken en vroeg dan: “Hoe gaat t met t jonkje?”
Ik zocht daar eerst niks achter, tot een van de familie mij er op wees, dat we dat niet moesten toelaten. Hij had ook zo’n geval gehad en was er achter gekomen, dat het oude mens zo’n kind ziek maken kon.
Wat had...
nl.verhalenbank.46182
Der gongen ris twa man nei Greate Wopke ta dy't yn Kûkherne wenne. Dy woenen him ris foar 't lapke ha.
De iene hie wetter by him fan in persoan, dy't werkelik siik wie, de oare hie wetter fan in hynder meinaem.
Wopke ûndersocht it wetter en doe krigen se elk in fleske fan him. Yn 't iene siet medesyn foar de sike frou, yn 't oare siet hjouwer. (Dyselde...
nl.verhalenbank.38064
Bouke Brinkman wie al âld. Hy rekke bitsjoend.
Doe gong er nei Kûkherne ta, nei Wopke, de duvelbanner. It wie Minne Brecht, dy't him bitsjoend hie.
Bouke sei tsjin Wopke: "Ik mat in drank fan dy ha; ik bin bitsjoend."
Wopke sei: "Ik hoef dy gjin drank mei to jaen, hwant dy giet dochs stikken ûnderweis."
Mar Bouke sei: "Jow him my mar mei."
Doe rekke Bouke...
nl.verhalenbank.29746
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dat wie Wibe Baeije. Sjoerd en Durkje hienen in bern, dat hie hja bitsjoend. Doe gong Durkje nei greate Wopke ta.
Wopke Minke joech har in drankje. "Mar pas op," sei Minke, "der komt jo ûnderweis ien foarby. Mar tink der om, dy mat net foarby oan 'e kant dêr't jo it drankje ha. Oars giet dat stikken. As soenen jo ek...
nl.verhalenbank.20010
Úlke wie in duvelbander, dy wenne oan 't Wyldpaed.
Wopke wie in duvelbanner, dy wenne yn Kûkherne.
Se gongen meast nei dy mannen ta as de bern bitsjoend wienen.
Dan krigen se medesinen mei, meastal yn in fleske. Wopke sei dan: "Pas der goed op, hwant ûnderweis komt der in houn of kat of oars hwat, dy hat it op 'e drank gemunt.
't Fleske mat oan 'e...
nl.verhalenbank.25430
Yn Twizelerheide, tichte by ús mem en dy, wenne in tsjoenster. As bern mochten wy net in muntsje fan 't minske oannimme. Dat woe mem net lije. Hja hat faek bern bitsjoend.
Dan gongen se mei 't mûtske fan 't bern nei de duvelbander ta. Dat wie nei 't Wytfean, nei Jonge Jan of nei Kûkherne, nei greate Wopke. Wopke joech altyd in fleske mei guod mei. Dan sei...
nl.verhalenbank.36528
Sibe Swaen fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Hja hat ien fan Freark-om syn bern bitsjoend. Doe is Frearkom oer iis nei Kûkherne tagong dêr't greate Wopke wenne.
Fan Wopke krige er in fleske mei drank foar it bern. Wopke warskôge Freark-om en sei: "Tink der om, dat se jo net oanfalle ûnderweis, hwant der binne guon dy ha it op it drankje forsjoen." Doe't...
nl.verhalenbank.20377
De bern droegen duveldrek yn in pûdtsje op 't boarst. Dat kochten se meast yn 'e apteek.
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se nei de duvelbander om in drankje. Us heit syn omke hat der ek alris hinne west.
"Tink der om," sei de duvelbander tsjin him, "der kinne dy ûnderweis wolris beesten by 't boarst opspringe." Dat gebeurde ek. Der sprongen katten...
nl.verhalenbank.27236
Myn skoanheit Hindrik Schievink hie in bern, dat raesde nachts altyd om deselde tiid hinne. 't Wie in jonkje. Op in nacht gong hy der ôf nei 't bêd fan 't jonkje ta. Doe sei er: "Dêr wei, duvel!" Doe wie der hwat fan 't bêd flein.
Doe gong heit nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie de duvelbanner. Wopke joech him in drankje mei en sei: "Dû mast goed de hân...
nl.verhalenbank.25347
In tsjoenster hie altyd ien of twa swarte katten yn 'e hûs. Hja koe harsels yn in kat foroarje. 't Gebeurde wolris dat sa'n kat troch de iene of oare oan 'e foarpoat biseard woarde. Dan hie de tsjoenster de oare moarns in seare hearm of de hân yn 'e doek of in oar mankemint.
De katten hâldden meimankoar in forgadering. Dat wienen dan tsjoensters.
As der...
nl.verhalenbank.26843
As der ien bitsjoend wie, gongen se faek nei in duvelbanner ta. Dat wie meastal Wopke fan Kûkherne.
Dêr wie in frou, dy har bern wie bitsjoend. Hja wenne hjir tichte by yn 'e Westerein. In âld minske hat it ús wol forteld.
Dat minske gong nei Wopke ta. Hja krige in drankje mei. Wopke sei tsjin har: "Nou matte jo aenst op jou iepenst wêze. Aenst op 'e...
nl.verhalenbank.29782
As 't net bûterje woe wie de tsjerne bitsjoend. By de boer dêr't ik wenne ha dienen se guod út in fleske yn 'e tsjerne. Dat wie foar 't bitsjoenen.
nl.verhalenbank.36072
Alde Jan Bearns van der Veen wenne yn 'e Mieden by de Bûtenpostumer feart. Hy hie in bern, dat wie net goed. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Wopke joech him in drank. Hy sei: "Tink der om, dû mast aenst om in peal hinne. Dan komt der in kot by dy en dy wol by dy opspringe. Dû mast om 't fleske tinke."
Sûnder dat Jan der erch yn hie...
nl.verhalenbank.22761