Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Taeke, dy't by de Blaudobbe wenne stjûrde Skoppenboer fuort en krige in flesse drank werom.
nl.verhalenbank.24692
By Thomas Clare leinen de kaerten altyd op 'e tafel. Sy dienen der fan alles mei. Sy lieten der ek drank mei komme. Dan stjûrden se sa'n kaert nei bûten ta. Dan kom der in flesse mei drank oan en dy gong om 'e lampe hinne.
nl.verhalenbank.32421
Minse Griper fan 'e Boelensloane liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme, dy't moai yn gelid marsjearden. Hy liet de liuwe ek samer stean, as er dat woe. Mei skoppenboer koe er in flesse drank komme litte. Dy flesse sweefde boven de tafel.
nl.verhalenbank.24262
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy marsjearden oer de flier.
Hy liet ek wol ris in flesse drank komme. Hy stjûrde skoppenboer fuort. It earste romerfol drank smiet er oer 't linkerskouder hinne. Dat wie foar de duvel.
nl.verhalenbank.25797
By Sjoerd en Tryn op 'e Sumarreheide gong it altyd op in kaertspyljen. Sjoerd siet fol fan flokwurden. Hy stjûrde samar in kaert út en in lege flesse en dan sette de duvel even letter in flesse drank op 'e reinwettersbak del.
nl.verhalenbank.19781
By Minse Griper lieten se wol us in flesse drank komme. Mar it wie altyd in toer om ien to finen dy't de flesse oankrije doarst. Deselde dy't dat die smiet it earste romerfol oer de kop fuort. En dan dronken se it op. De flesse sweefde foar de doar.
nl.verhalenbank.22169
Alde Tet hâldde der popkes op nei. As se dêr yn pripke mei in nuddel wienen der guon dy't pine krigen.
Abe Nauta syn frou is troch Alle Tet deatsjoend.
Sy hellen dranken foar har fan Greate Wopke fan Kûkherne.
As Tet dy drank seach gong er stikken.
Wopke sei elke kear: "Bergje dy drank goed op."
As se mei de drank thús kommen siet der al in greate kat op...
nl.verhalenbank.29346
Myn healbeppe hat ris trije grouwe katten mei de tange slein. Meiiens gong de lampe út en ús beppe raesde it út fan 'e pine.
Mem woarde doe nei de duvelbander tastjûrd. Sy nom beppe har wetter mei. De duvelbander joech har in fleske mei drippen mei. Mar hy sei: "Pas der goed op, hwant der kin dy ûnderweis wolris ien moetsje, dy't it op dat fleske munte...
nl.verhalenbank.12361
Klaes Wytses v.d. Meulen wie kastlein to Broek. Hy hie us in kear in man by him yn 'e jachtweide sitten, dy syn namme wol my nou net yn 't sin komme.
Der stie in flesse drank boven op 'e tapkast, dêr krige dy man hwat út. Doe sette Klaes dy flesse dêr wer del.
Doe't er sa in pear hawn hie, sei er tsjin Klaes: "Ik sil dy flesse drank dêr wei komme litte,...
nl.verhalenbank.27456
Us beppe wenne yn Hantumer Utbuorren. Sy hat froeger bitsjoend west. Hja wie doe noch jong. Hja hie pankoeken iten by in âld-wiif. Hja wie krekt troud mei ús pake Pier Soepboer.
Sy woarde siik. Pake gong nei Wopke to Kûkherne. It wetter fan beppe nom er mei.
Doe't Wopke dat bisjoen hie, sei er: "Hjir is in drank en nou matte jo gau meitsje dat jo thús...
nl.verhalenbank.23145
Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme.
Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert.
Hja wie mei de helm geboaren. hja...
nl.verhalenbank.32014
Myn man hie in suster. Dy har jonge is geastlik deatsjoend. Myn mem wenne dêr as buorfrou njonken. Mem sei, hja hie sjoen, dat der mei ljochtmoanne twa hinne kuijere wienen. Dat hienen âlde Ot en Alle Tet west. Dy kommen dêr om to sjen hoe't it mei it bern wie. En doe hie der hwat boven op it dak lein, dat wie rjochtút en seach der út as in...
nl.verhalenbank.21464