Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: fietsen Place of Narration: Surhuisterveen
By Goaitsen Rot-jonges op it Wytfean sieten myn skoanheit (Wibe Alma) en syn kammeraten op in nacht ta de apels. Doe sei myn skoanheit ynienen: "O heden, mast dêr us sjen, dêr komt ien op 'e fyts oan." Dyselde fytste dwars troch de muorre hinne. Hja binne útnaeid sa hurd se koenen.
nl.verhalenbank.27230
Jan Hepkes sei: "Ik fyts it leafst yn 'e wyn op. Dat rydt folle steviger."
nl.verhalenbank.22171
Oer 't fytsen rekke Jan ek noait útpraet. Hy fytste leafst yn 'e wyn op, sei er. "De minsken dogge krekt forkeard", placht er to sizzen; matte se yn 'e wyn op, dan geane se plat op 't stjûr lizzen, mar dan moesten se krekt achteroer sitten gean. Dan kinne jo ommers de trapers in opmiter jaen.
nl.verhalenbank.28758
As Jan mei guon opfytste, dan liet er dy oaren kapot ride, sa hurd stoude hy der oer. Dat fortelde er tominsten. Der wie in jonge baes, dy hiet fan Aen. Jan Hepkes kom fan Ljouwert. By de Bonkefeart helle er Aen yn. Aen sei: "Wolle jo mei my ride, Jan?" "Ik sei," sa fortelde Jan, "snotnoas, soest ek mei my ride wolle?" Ik tochte: ik krij dy wol, ik sil...
nl.verhalenbank.28759
As Jan Hepkes yn 'e wyn op fytse moest, gong er nei Ljouwert ta. Hied er foar de wyn, dan bleau er thús.
nl.verhalenbank.26837
Wy wennen ûnder Surhústerfean, tichte by de Fjouwer roede. Dêr seagen de minsken yn myn bernejierren allerhande ljochten jouns. Dy wienen op in rige en sy sweefden. Letter seinen se, dat hienen de foarboaden west fan 'e karbydlampen fan 'e fytsen dy't dêr letter lâns kamen. 't Wie boppe de wei dêr't dy ljochtsjes lâns sweefden.
nl.verhalenbank.37522
Op in kear, doe ried Jan Hepkes op 'e fyts. Hy soe nei Ljouwert ta. Doe't er oan 't Jachtfjild ta wie, moest hy der even ôf. Hy moest hwat wetter kwyt en dat die er yn 'e berm. "Doe't ik fan Ljouwert weromkom dy middeis," fortelde er, "doe stienen de bôgen fan 't pisjen moai oan 'e kant fan 'e wei by 't Jachtfjild. Sà bot hie 't doe ferzen."
nl.verhalenbank.28730
Der wie gjin houn ûnder 'e sinne, dy't Jan Hepkes biet. Hy wie foar gjin inkelde houn bang. "Ik fytste ris in kear troch Drachtster Kompenije," fortelde er, "doe stie dêr in boer by de wei mei twa jonges. Dat wienen syn soannen. En dêr wie in grouwe houn by. Doe seinen dy jonges tsjin dy houn: 'Hisa, pak him!' Nou, ik wie net bang foar dy houn en ik...
nl.verhalenbank.28734
35