Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jan Hepkes mocht graech yn 'e wyn op fytse. Dat siet sa stevich, biwearde er.
nl.verhalenbank.37595
Der wie ien dy fytste fan Zevenhuzen nei Allardseech.
Doe kom der ien njonken him mei in knollepoat. Dy roan, mar koe him byhâlde, wol twa k.m. lang.
De man sei: navend.
Mar dy mei de knollepoat sei neat werom.
"Hwat rinne jo hurd", sei de man.
De oare sei wer neat werom.
De man koe sa hurd net ride. Dy oare hobbele mar njonken him fierder. Flak by...
nl.verhalenbank.25720
Wibe van der Woude, dy wenne op Fryske Poalen. Hy hie op 'e fyts nei syn heit west; dy wenne yn Trimunt yn in olle woanwein. Doe't er oan 'e Skâns ta wie, doe gong der hwat foar him op, in great swart ding, krekt as in kachel. It botste hyltyd mar foar him op. Hy waerd deabinaud.
nl.verhalenbank.25891
Pier Hindriks wenne yn 'e Dokkumer Wâlden. Dy wie nei Ljouwert ta west. Op 'e weromreis kom der in dikke bui achter him oan. Mar Pier dy fytste sa hurd, dat hy fleach der oer. Dêrtroch koed er de bui krekt fóár bliuwe. Hy hie allinne mar in pear drippen wetter achter op 'e spotskerm hawn, sa ticht siet de bui him op 'e hielen. Mar hysels kom droech thús.
nl.verhalenbank.23466
Jan Hepkes fortelde, op in kear wie er nei Ljouwert ta fytst. It lêste ein sliepende. De brêge wie ôf. Dêr stienen in stik of hwat minsken foar to wachtsjen. Doe fytste Jan tsjin ien fan dy minsken oan. Dy ried er ûnderstoboven.
"Hoe ha jo dit sa hawn?" frege dy man.
"Ik hie my krekt efkes deljown", sei Jan Hepkes.
nl.verhalenbank.31922
't Wie hjir froeger allegear heide, oan Mearum ta. In âld minske seach dêr wylde lantearnen oer de heide gean.
Letter kommen der wegens mei fytsen, doe seagen se wer ljochtsjes op dy selde plakken, mar doe wienen 't fytslampen. Dat hat foartsjirmerije west.
nl.verhalenbank.26296