Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: fietsen Place of Narration: Harkema
By dyselde greate beam is Alle Wagenaar oer de wei smiten woarn. (Alle Wagenaar wie in bernsbern fan 'e beruchte tsjoenster Alle Tet en in swager fan my) Syn fyts lei yn 'e sleat. Ik kom gewoan mei 't bakje achter op 'e fyts fan 't wurk, sei er. 't Wie al moai let op 'e joun. Mar foar in lykstaesje wie 't noch to ier.
nl.verhalenbank.15889
Hy fytste altyd op 'e transportfyts nei Ljouwert ta mei de fellen foarop. 't Wie him krekt itselde; yn 'e wyn op of foar de wyn. Yn 'e wyn op, dat sit moai stevich, sei er. Dan mar in poun mear op idere traper.
nl.verhalenbank.33097
Knjillis en Piter Alma (bruorren) fan 'e Harkema kommen us by har suster wei yn 'e nacht om tolve ûre hinne. Hja wienen op 'e fyts. Der kom hwat oan. Dat seach Piter, Knjillis net. It kom lyk op Piter ta. Piter wykte net fan 'e wei. It wie oan him ta, doe swaeide it om him hinne. "Goeije navend", sei Piter. "Goeije navend", woarde der werom sein. It wie...
nl.verhalenbank.21297
Yn Bûrum wenne in man, dy wie knap sterk. Dy hie wolris fan Sterke Hearke heard en dy tocht: Ik wol wol ris mei him prate. Ik woe eins wolris wite hwa fan ús beiden it sterkst is. Hy sette de stap der ûnder nei Droegeham ta. Doe trof dat moai. Hearke wie by Bindert Japiks fan 't Kleaster yn 't wurk. Hy wie krekt op dy syn lân oan 't ploegjen. Hy wenne...
nl.verhalenbank.28749
Jan Hepkes sei, hy fytste leaver yn 'e wyn op as foar de wyn, hwant dat fytste folle steviger.
nl.verhalenbank.26150
Myn Pake en mem seagen hjir yn 'e Harkema yndertiid yn 'e Smoarhoeke ljochtsjes oankommen, dy draeiden om 'e hoeke de slingerpaedtsjes del. 't Wienen wylde lantearnen. Letter rieden de fytsen dêr lâns mei jouns de ljochten op. Dy lampen fan ' e fytsen ha sy doe fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26220
By de nije brêge yn 'e Harkema fytste in man, dy woardde dêr altyd beet hâlden, en dochs wie der neat to sjen. It wie in ûnsichtber spoek.
nl.verhalenbank.17539
Men kin yn 'e nacht lykstaesjes tsjinkomme. Hjoed-de-dei is der in jongfeint yn 'e Harkema, dy doart net midden op 'e wei to fytsen (1953).
nl.verhalenbank.23675
Fokke Alma (dikke Fokke) hat op Fiifhuzen wenne oan 'e Reitsmastrjitte. Dêr hied er in spultsje. Op in kear wied er op 'e fyts. 't Wie yn 'e nacht. Doe wie der op it eintsje fan Geart Haga nei de betonwei ien njonken him kom. Fokke wie tsjin him bigong to praten, mar dy oare sei neat. Doe't Fokke noait antwurd krige, woarde er binaud. Dy oare hâldde him...
nl.verhalenbank.22225
Op in kear waeide 't in stoarm, doe moest Jan Hepkes op 'e fyts om hûden nei Eastemar ta. Der wie net ien dy't fytse koe, sa bot waeide it. Mar Jan sei: "Ik mocht der wol oer doe't ik yn 'e wyn opfytste. Doe hie 'k hwat steun oan 't boarst."
nl.verhalenbank.28682
Jan Hepkes kom us op in kear fan Ljouwert ôf op 'e fyts. "Ik kin goed fytse", sei er. "Mar 'k seach achterom. Doe kom der in dikke bui oansetten. Ik sei tsjin mysels: - Boeke, soest it noch rêdde kinne? - De loften woarden àl swarter oan. Ikke traepje. - Né jonge, sei 'k, rêdst it net op. Noch mear, noch hurder! - De bui wie oan my ta. Ik hearde it...
nl.verhalenbank.26282
1