Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in kear kom Jan Hepkes fan Dokkum mei tolvehûndert koefellen foar op 'e fyts. Der waeide in dikke oasterstoarm.
Jan Hepkes stuts yn 'e 'Lêste Stuver' oan, mar doe't er wer op 'e fyts siet, koed er hast net yn 'e wyn opkomme.
Doe tocht er: "Ik doch it ket fan 'e fyts, dan fytst it lichter."
Dat died er, en jonge ja, dat holp.
Hy wie samar thús.
nl.verhalenbank.20476
Wylde lantearnen tsjutten op 'e ljochten fan 'e lettere auto's en fytsen.
nl.verhalenbank.36801
Jan Hepkes wie koopman yn fellen. Dy helle er altyd op op 'e fyts. Dan wie sa'n fyts fan foaren swier biladen mei fellen.
Wyn of gjin wyn, jy seagen Jan Hepkes altyd fytsen.
Hy plichte to sizzen: "'k Fyts altyd mar leafst yn 'e wyn op. Dat rydt moai stevich."
nl.verhalenbank.34540
Jan Hepkes biwearde, hy ried folle leaver op 'e fyts yn 'e wyn op as foar de wyn del. Yn 'e wyn op, dat wie sa stevich foar 't boarst.
nl.verhalenbank.20481
Yn Harkema seagen se ljochtsjes, dy't der yn werkelikheit net wienen. Letter biriddenearden se dat it de foarboaden fan 'e fytsen west ha.
nl.verhalenbank.37099
Op in kear, doe siet Jan Hepkes op 'e fyts. 't Waeide in stoarm. Hy ried yn 'e wyn op.
"'t Waeit hurd, hè?" sei der ien tsjin him.
"Jonge-ja", sei Jan Hepkes.
"'t Falt net ta, hè?" sei dy oare.
"Ei hwat," sei Jan Hepkes, "it fytst stevich, en ja, as je dan in pearhûndert poun foar op 'e fyts ha, dan mei 'k dêr wol oer."
nl.verhalenbank.25307
Jan Hepkes Wouda fan Surhústerfean ried mei fellen op 'e fyts nei Ljouwert ta. Hy is yn Burgumerheide, dan rydt Albert Hajema fan Twizel him achterop. Dy seit: "Goeije morgen, Wouda."
't Wie 4 ûre yn 'e moarn, sy moesten beide nei Ljouwert ta.
"Bliksem, jonge," seit Jan Hepkes, "hwat litstû my dêr skrikke. Ik siet krekt hwat to sloegjen op 'e fyts."
(Jan...
nl.verhalenbank.37410