Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: fietsen Narrator Gender: female
By dyselde greate beam is Alle Wagenaar oer de wei smiten woarn. (Alle Wagenaar wie in bernsbern fan 'e beruchte tsjoenster Alle Tet en in swager fan my) Syn fyts lei yn 'e sleat. Ik kom gewoan mei 't bakje achter op 'e fyts fan 't wurk, sei er. 't Wie al moai let op 'e joun. Mar foar in lykstaesje wie 't noch to ier.
nl.verhalenbank.15889
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd." "Ja", sei 'k. Even letter fytste ik wer gewoan. Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze." 't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
Us heit soe op in moarn nei 't wurk ta op 'e fyts. 't Wie noch o sa bitiid en 't wie noch tsjuster. Ynienen wurdt er mei fyts en al oan kant set en komt sa yn 'e feart tolânne. 't Wie in rjochte wei. Der kaem in lykstaesje lâns, mar dy hat er net sjoen. 't Gebeurde hjir yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.30363
Jan Hepkes sei: "Ik fyts it leafst yn 'e wyn op. Dat rydt folle steviger."
nl.verhalenbank.22171
Myn skoandochter har heit, Wybrand Hovius fan Lutjegast fortelde, by Faan hienen guon oan 'e kant fan 't wetter stien en doe hienen se in lûd heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter wie der ien oanfytsen kom en dy wie dêr fordronken.
nl.verhalenbank.24066
Op in moarn kaem post Meinsma by my op ‘t foarhiem. “Frou”, sei er, “wy fietsten justerjoun op ‘e wei fan Easthim en seagen dudelik fjûrige flammen by ‘t dak op krûpen. Wy seine beide tagelyk: Der giet Hokwerda’s buorkerij. Wy hiene it folle gesicht op ‘e sydkant fan ‘e pleats.
nl.verhalenbank.50542
Rapke Tuinstra en syn swager Bearn Reitsma wennen yn 'e Wylgen. Sy soenen der togearre op út to mollefangen. It doel fan 'e reis wie Swolle. Sy wienen sahwat by Gjert Oosterwoud yn 'e Wylgen, doe sei Rapke: "Bearn, dû twingst my yn 'e sleat." "Welné," sei Bearn, "ik bin in hiel ein achter dy, ik bin lang net oan dy ta." Klets, dêr lei Rapke yn 'e sleat....
nl.verhalenbank.16852
Tsjin wylde lantearnen seinen wy ek wol swerfljochtsjes. Dy woardden froeger faek sjoen. It wienen de lettere lampen fan 'e fytsen en fan 'e auto's, ornearren se.
nl.verhalenbank.34609
Wibe van der Woude, dy wenne op Fryske Poalen. Hy hie op 'e fyts nei syn heit west; dy wenne yn Trimunt yn in olle woanwein. Doe't er oan 'e Skâns ta wie, doe gong der hwat foar him op, in great swart ding, krekt as in kachel. It botste hyltyd mar foar him op. Hy waerd deabinaud.
nl.verhalenbank.25891
Myn soan wie bûtermakker. Op in moarn gong er op 'e fyts nei syn wurk ta. Hy soe út 'e daem wei oer de wei, mar dêr woarde er keard. Hy stapte fan 'e fyts, mar der wie neat to sjen. Ik sei tsjin him: "Dêr komt earstdeis in lyk troch. En 't wie ek sa. In wike letter gong dêr in man dea. It wie op 'e hoeke fan 'e wei nei Opperkoaten. De kiste moest rûmte...
nl.verhalenbank.21439
Pier Hindriks wenne yn 'e Dokkumer Wâlden. Dy wie nei Ljouwert ta west. Op 'e weromreis kom der in dikke bui achter him oan. Mar Pier dy fytste sa hurd, dat hy fleach der oer. Dêrtroch koed er de bui krekt fóár bliuwe. Hy hie allinne mar in pear drippen wetter achter op 'e spotskerm hawn, sa ticht siet de bui him op 'e hielen. Mar hysels kom droech thús.
nl.verhalenbank.23466
It is trije jier lyn. Doe kommen der trije studinten de kant fan Grins út wei. Sy kommen hjir lâns. Ik stie oan 'e kant fan 'e wei. Sy stutsen my de gek oan. Sy seinen: "Is dit de wei nei Grins?" Ik sei: "Ja, dan matte jim dy kant mar út ride." En doe wiisde ik har de kant nei Ljouwert út. Doe't se in eintsje fuort wienen, wie 't ynienen 'bots'. Ien fan...
nl.verhalenbank.21666
1