Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: fiets Narrator Gender: male Place of Narration: Ureterp
Ik kom us op in nacht by de froulju wei út Grou. 'k Wie op 'e fyts en moest oer de spoarrails ride, dy't dwars oer de wei leinen. Dêr soaijeflikkere ik fan 'e fyts. Myn fyts stiet rjochtop yn 'e rails en ik lei oer de wereld. 't Wie ek noch heal ljocht. Ik koe de rails dúdlik ûnderskiede. Hwat hat dat nou west. In lykstaesje?
nl.verhalenbank.24267
Wy ha ris mei ús trijen op 'e fyts nei Hinke Kaert west. Dy wenne op Nijebrêge. Ik en myn broer en Jan. Myn broer wie de âldste, dy kom it earst oan 'e beurt. "Hwat binne jo ûngelokkich", sei se tsjin him. "Ja?" sei myn broer. "Ja," sei se, "jou frou falt der soms samar hinne." Dat kloppe. Doe kom ik oan 'e beurt. Ik sei út 'e gek: "'t Sil my binije hwat...
nl.verhalenbank.23381
In skoftsje letter bin 'k nei Hinke ta west mei 't fanke, dêr't ik doe hwat gedoente mei hie. It wie ûngeregelde forkearing, 't gong sa'n bytsje fan 'e hak op 'e tak. Hinke sei tsjin har: "Nou bistû hjir èk. Dû mienste datstû him krijste, mar né, hy krijt in fanke hjir fandinne súd en west." Dat is ek gebeurd. 't Kom krekt út. De jouns wie 't sa tûk. Wy...
nl.verhalenbank.23806
Dêr't wy froeger wol ljochten sjoen ha, dat wienen letter de auto- en fytslampen.
nl.verhalenbank.25536
As der in bigraffenis op til wie, dan woarden guon oan kant skoud, sûnder ûngelokken. Sieten jy op 'e fyts, dan woarde de fyts mei oan kant set. It gebeurde by nacht, mar ek wol by dei. As soks gebeurde seinen se: "Nou komt der in bigraffenis", en dat gebeurde ek.
nl.verhalenbank.23385
Wy ha to Bakkefean wenne. Wy seagen soms boppe 't Mandefjild wylde lantearnen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere lampen dy't oan 'e wegen kamen en de ljochten fan 'e fytsen en auto's ensa.
nl.verhalenbank.21039
35