Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
21 datasets found
Dutch Keywords: fiets Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
Der wenne ek in feint yn 'e Harkema, dy die 't altyd raer. Hy flokte as in ketter en hy song op in kear - 't wie op in joun - hyltyd: "O Heare, Jé, o heare Jé -" Der wie oar jongfolk by him. Rinse de Wind syn hûs stie yn 'e brân. Dat ûntdekte dat jongfolk en dêr woenen se hinne. Ik wie der sels ek by. Wy wienen oan 'e Singel. Wy gongen der hinne. Hy soe...
nl.verhalenbank.28507
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
nl.verhalenbank.34515
Wylde lantearnen wie de foartsjirmerije fan 'e lettere fytslampen. Doe't wy froeger yn 'e Bosk wennen seagen wy se hiel folle.
nl.verhalenbank.28924
Wie der yn 'e Harkema ien stoarn, dan woarde it horloazje forhong, ek de klean, ek it ark woarde forset, ek de doarteldou waerd forhong, ek de fyts woarde op in oar plak set, ek de pet forhong.
nl.verhalenbank.15669
Knjillis en Piter Alma (bruorren) fan 'e Harkema kommen us by har suster wei yn 'e nacht om tolve ûre hinne. Hja wienen op 'e fyts. Der kom hwat oan. Dat seach Piter, Knjillis net. It kom lyk op Piter ta. Piter wykte net fan 'e wei. It wie oan him ta, doe swaeide it om him hinne. "Goeije navend", sei Piter. "Goeije navend", woarde der werom sein. It wie...
nl.verhalenbank.21297
Wy seagen froeger wol gauris wylde lantearnen. Dy ljochten tsjutten op 'e lettere auto- en fytsljochten.
nl.verhalenbank.25768
Jan Hepkes wie op syn manier in hiel sterke man. "Ik ha 't mar leafst yn 'e wyn op 'e fyts," placht er to sizzen, "dan ha 'k hwat stevichheit tsjin 't boarst oan." Hy koe ek omrake bêst meane, biwearde er. Op in kear, sei er wie 'k ek oan 't meanen, doe tocht ik: ik mat ek ris harje. Ik sykje en sykje om 't harspit. Hwat wie der gebeurd? Ik hie de kop fan...
nl.verhalenbank.21152
It gebeurde oan diz kant Ljouwert. Der ried in man op 'e fyts by 't wetter lâns. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearde de man in stim: De tijd is verschenen, de man is er niet. De man seach om him hinne, mar der wie neat to sjen. Doe kom der yn 'e fierte ien oanriden op redens. Dy man rekke dêr yn in wek en fordronk op it plak, dêr't dy stim...
nl.verhalenbank.16853
Yn Bûrum wenne in man, dy wie knap sterk. Dy hie wolris fan Sterke Hearke heard en dy tocht: Ik wol wol ris mei him prate. Ik woe eins wolris wite hwa fan ús beiden it sterkst is. Hy sette de stap der ûnder nei Droegeham ta. Doe trof dat moai. Hearke wie by Bindert Japiks fan 't Kleaster yn 't wurk. Hy wie krekt op dy syn lân oan 't ploegjen. Hy wenne...
nl.verhalenbank.28749
In sikere van der Wyk kom de Lytse Wei ris lâns sa'n 35 jier lyn. 't Wie by jountiid en hy wie op 'e fyts. Doe woarde er samar mei fyts en al fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare kant set.
nl.verhalenbank.16868
Wy ha froeger faek wylde lantearnen sjoen. Dat wienen ljochtsjes bûtendoar. "Sjoch, mem, in wylde lantearne", seinen wy dan. Dy wylde lantearnen, dat wie de tjirmerije fan de fytsen en autoën.
nl.verhalenbank.17550
Wylde lantearnen binne de foarboaden fan oare lantearnen. (op fytsen en strjitwei)
nl.verhalenbank.16870
Heit en dy wienen us op in joun mei in ploechje jongfolk nei Eastemar ta to apelstellen. Mar it woe net. It wie noait liker as woarden se keard. Dat sy gongen mar werom. Mar sy woenen apels ha. Dat doe soenen se it noch us bisykje by Goaitsen Rôt (= G. Veenstra). Mar dêr komt in wite juffer oan op 'e fyts, dy't samar ynienen weiwurdt mei fyts en al. Dat...
nl.verhalenbank.22097
Jan Hepkes sei, hy fytste leaver yn 'e wyn op as foar de wyn, hwant dat fytste folle steviger.
nl.verhalenbank.26150
Us mem seach fier fan to foaren de fytslampen op 'e wei. Mem seach dy ljochtsjes kommen en gean. Sy wienen samar foarby. Dat wienen letter de fytsen.
nl.verhalenbank.15611
Alde minsken sizze: De wylde lantearnen, dy't wy froeger sjoen ha, dat wienen de fytslampen en de autoljochten fan lettere tiid. Yn 'e buert fan 't Blauhûs sweefde faek in wylde lantearne. Froeger wie de wei fan 't Blauhûs nei Boelensloane in sânpaed. Dat is letter in hurde wei woarn. Dêr kinne se nou fytse en autoride. Dy lantearne hat dat doe al oanjown.
nl.verhalenbank.25517
Myn Pake en mem seagen hjir yn 'e Harkema yndertiid yn 'e Smoarhoeke ljochtsjes oankommen, dy draeiden om 'e hoeke de slingerpaedtsjes del. 't Wienen wylde lantearnen. Letter rieden de fytsen dêr lâns mei jouns de ljochten op. Dy lampen fan ' e fytsen ha sy doe fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26220
Us mem en dy ha in berntsje forlern, dat is forbrând. 't Wie op in tongersdei-to-joun. De wyks fan tofoaren kom heit op in joun thús. Doe tocht er: hwat hjir is to dwaen, wyt ik net. 't Wienen allegearre minsken en fytsen. - Mar der wie neat. In wike letter hiene jy deselde sitewaesje. Mar doe wie 't echt. Heit sei: Ik wist hwat der gebeure soe.
nl.verhalenbank.33299
Wibe Alma soe us by in boer op it Wytfean ta de apels. Doe belle der ien. Wibe tocht, dat 't fan in velosipe wie, mar der wie neat to sjen. Doe kom der in lyts hountsje oan. Wibe sei: "Ast fan 'e duvel bist, dan sil 'k mei dy ôfweve." Mar 't hountsje weve mei him ôf. Hy kom yn 'e toarnen tolânne.
nl.verhalenbank.20155
By de nije brêge yn 'e Harkema fytste in man, dy woardde dêr altyd beet hâlden, en dochs wie der neat to sjen. It wie in ûnsichtber spoek.
nl.verhalenbank.17539
35