Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
By Knjillis Douma yn 'e Pein mochten se net op mendei bigjinne yn it sied. De saterdeis der foar woarden der altyd al in pear hokken sichte.
Mei 't meanen wie 't krekt sa. De kij woarden ek noait op mendei útlitten.
Ielke Boonstra hat it ris in kear dien. Doe briek ien fan 'e kij in poat. Letter hat er 't noait wer dien. Der binne forkearde mendeis.
Mar...
nl.verhalenbank.12298
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.
nl.verhalenbank.11521
Hwat ik nou fortel gebeurde de kant út fan Earnewâld. It sil sa 'n tachtich jier lyn wêze. Myn heit (Megiel) en noch ien wienen yn in pream. Sy moesten it ien of oar ophelje. Of it nou stien wie of turf fan Beets, dat wyt ik net. 't Wie yn 'e nacht, en sy farden yn 't goede farwetter. Sy koenen it paed goed. Doe gebeurde it dat se samar yn hiele lytse...
nl.verhalenbank.23356
Myn skoanmem en myn skoansuster stienen by in hekke by de Gatten. Mem sei: "Der is noch ien fan Ielkefolk by de feart en 't wetter is sa heech. Hja kamen tichterby. Doe gong der ien skean foar harren lâns oer de wyk hinne nei 't tsjerkhôf ta. Dy sweefde. Syn fuotten rekken de groun net. Mem wie net bang. "Wy ha gjin kwea dien," sei se, "dan docht er ús ek...
nl.verhalenbank.11534
As de deade moai is, dat mat men noait bigeare, hwant dan komt der wer ien to forstjerren yn 'e famylje. Dêrom is de deade bliid en moai.
nl.verhalenbank.11522
Myn broers wiif wie ris in kear allinne thús. Hja wenne to Aldegea. Hja bigoun ynienen lûd to razen, hwant it hiele dak kaem hast del. De pannen der ôf en in stik leven en alles fan 't plak. Hja wie deabinaud en krûpte ûnder 't bêd. Doe't myn broer thúskaem, sei se: "Ik wol hjir wei, hwant it giet hjir raer." Mar der wie neat gebeurd. Mar in jier letter...
nl.verhalenbank.11517
Heit syn famylje dat wie séfolk. Se wennen yn Oerterp.
Dêr stiet noch in hûs, dêr't se yn wenne ha, mei in anker der yn. Yn 'e muorre is dat mitsele. Dat hûs ha se restaurearre.
Op in kear wienen se op sé. Dêr kom in moai skip oan dat hiel hurd farde, hwant it hie gjin lading. It wienen rovers. Dy woenen it oare skip mei alle hebben en hâlden ha. Mar de...
nl.verhalenbank.12195
Oerpake Jan (dat wie ús mem har pake Jan Willems) wenne yn Garyp. Hy mocht tige graech in slokje en dêr hie syn folk thús in hekel oan. Hy kaem dêrtroch foek let thús. Sy tochten: dat maate wy him ôfleare. Dat, doe 't er op in joun let us wer nei hûs ta soe mei in stik yn 'e kraech, woenen se him bang meitsje ûnderweis. Sy tochten: Dan doart er tonei...
nl.verhalenbank.17573
Foarboaden fan'e dea:
a. Spûkgûlen fan in houn: binnen 3 dagen in deade.
b. Ekster op it hiem (= in swart mei wyt - boade): in roubrief.
c. Deatikkerke (soms yn 'e strikken fan 't earizerhuodtsje), ek in foarboade fan 'e dea.
d. As der ûle ropt.
e. Trije drippen bloed, dy 't út 'e noas fallen.
f. As it hynder ûnderweis nei 't hôf ta mei de achterste poat...
nl.verhalenbank.23372
Der wienen in man en in frou, dy wennen yn in skipke. Mar dat skipke wie sa min en sa wrak, dat sy koenen der net mear mei farre. Sinten foar in oar skip wiene der net, en der mast dochs hwat fortsjinne wurde. Dat sy sieten slim forlegen.
Op in kear wie 't minske allinne thús. Sy wie och sa treurich gesteld. Dêr kom in mynhear oan. Dy sei: Jo sjogge sa...
nl.verhalenbank.12193
Der wie jounpraterije by de boer. It gong der fleurich om ta en de praters woarden fol traktearre. De lytsfeint siet ek yn 't formidden. Dy woenen se bang meitsje. Se seinen tsjin him: "Dû krijst fan ús allegear in kwartsje, astû nou nei 't tsjerkhôf ta giest en in deabonke hellest út 'e bientsjekou."
De lytsfeint nom it fuortdaliks oan en gong op stap....
nl.verhalenbank.17570
Op 'e Sumarreheide wenne Antsje. Dy wie mei de helm geboaren. Dat wist in elk wol. Op in kear makke har buorjonge in praetsje mei har.
Is der ek hwat nijs? frege der.
Né, ik soe 't net wite, sei Antsje.
Komt der ek hwat nijs? frege de jonge doe. Antsje sei:
Ast it dan dochs wite wolst, ja. Der komt in sterfgefal. En dêr komme dû en ik beide by op...
nl.verhalenbank.11562