Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: erf Place of Narration: Opende
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Doe't mem mei ús heit trouwe soe, kom beppe us in kear by har en doe woe se ús mem in ûngeboaren bernehantsje mei jaen. Mem woarde lulk en sei tsjin har: "Ast dàt dochste, traepje 'k dy mei dat ding fan 't hiem ôf!"
nl.verhalenbank.27178
Der wenne yn Hantumer Utbuorren in boer, dy hiet van der Heide. Dy hie in hiele grouwe stien op it hiem lizzen. Op in snein-to-middei ha in stik of hwat jonges mei alle macht dy stien omrolle. Doe kom de ûnderkant fan 'e stien boven. Dêr stie op to lêzen: Wat ben ik blij dat ik lig op de andere zij.
nl.verhalenbank.23131
Heit en mem hienen ien kou. Dy keardel kom nou en dan by harren en dan biseach en bitûmke er de kou. It gjers, dat se foar dy kou ôfmeand hienen en dat thús op it hiem lei wie de oare moarns hurd en fortrape. En de koe is dea gong. Dat wie allegear pake syn wurk.
nl.verhalenbank.27172
As eksters op it hiem skatterje, dêr ha'k it net op stean. Der wurdt faek biweard, dat der dan ien stjert fan deselden dy't dêr wenje. Dat is ek sa hwannear't in houn bigjint to spûkgûlen. Hy stiet dan mei de kop nei 't hûs ta dêr't dyselde stjerre sil.
nl.verhalenbank.19504
In nachtmerje wie meastal in frommeske, mar inkeld in man. Yn 'e Mieden achter de Pein, achter de Keale Wei, dêr hâldde in nachtmerje ta. Sy siet nou hjir yn en dan dêr yn, it meast siet se yn 'e stamme fan in holle wylgebeam. Sy kom by de minsken, dan gong se fan achteren troch 't bargedoarke. Dêr hie se mear rûmte as troch 't slotsgat, sei se. Hja sei...
nl.verhalenbank.27149
35