Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Beppe fortelde: Myn susterke wie as bern al us in kear bitsjoend. Doe gong heit nei Hinse Jehannes de Boer ta. 't Wie jountiid. Hy joech drank mei. Heit sei tsjin him: "Ik leau net dat jo dêr hwat oan dwaen kinne."
Mar dat hied er net sizze matten.
Hinse Jehannes sei: "Jo matte goed oppasse, dat jo mei de drank thúskomme. Der kinne ûnderweis miskien...
nl.verhalenbank.23645
Op it Barrahûs hat Kramer wenne. Dy hat my forteld, dat de boeren koenen soldaten krije fan 'e stêd, as se har net fortrouden. Dy koenen se hiere. Sa mat in froegere boer fan 't Barrahûs ek in kear in soldaet hawn ha.
Hwant it gebeurde dat dêr ien kom, dy't se net fortrouden.
Dy persoan wie klaeid as in frommeske. Dy persoan woe dêr sliepe. Doe lieten se...
nl.verhalenbank.27224
Komt der in swarte roek by hûs, dan bitsjut dat in deaden.
Komme der eksters op 't hiem, dan bitsjut dat dat der bisite komt fan guon dy't men net folle sjocht.
Spûkgûlt der in houn, dan bitsjut dat in deaden.
Klept de klok yn 'e toer, dan bitsjut dat in deaden.
Falt der in skilderij del yn 'e hûs, dan bitsjut dat in deaden.
Falt der in gewicht fan in...
nl.verhalenbank.37098
To Readskuorre stie in âld boerespultsje mei in boven- en ûnderdoar. 't Wie yn 'e nacht en ljochtmoannewaer. Pake soe der út to pisjen.
Hy heart ynienen in slach. In pear roannen de reed del nei 't westen, doe in pear nei 't oasten. Twa oaren kommen op it hiem.
Pake die de doar ticht. Letter gebeurde dêr in ûngelok mei krekt deselde sitewaesjes.
nl.verhalenbank.23648