Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By de grouwe ikene beam oan 'e betonwei spûket it. Dêr rint in wite gedaente om. Alde Aen Klokje (= Aen Alma ^) hat him sjoen.
Navend, sei Aen.
Mar hy hie neat sein.
Hâld dy de bek dan, sei Aen batsk.
Doe seach er om en de hiele wite gedaente wie fuort.
Doe wie Aen bang woarn en makke er gau dat er thús kom.
nl.verhalenbank.15888
By dyselde greate beam is Alle Wagenaar oer de wei smiten woarn. (Alle Wagenaar wie in bernsbern fan 'e beruchte tsjoenster Alle Tet en in swager fan my)
Syn fyts lei yn 'e sleat.
Ik kom gewoan mei 't bakje achter op 'e fyts fan 't wurk, sei er. 't Wie al moai let op 'e joun. Mar foar in lykstaesje wie 't noch to ier.
nl.verhalenbank.15889
Deselde mannen, Sikke Hoeksma en myn swager Douwe Wedzinga en dan noch in sekere Jan Klamer - dat wienen doe alle trije noch frijgesellen, soenen ris in kear nei Twizel nei de kroech ta. 't Wie mistich waer. Sy kommen fan Mûntsjetille en roannen op 'e âld dyk. 't Wie joun. Doe gongen se de Twizelerwei lâns, dat wie doe noch in modderpaed, dwars troch de...
nl.verhalenbank.28612
Us Anders-om (A. Nicolai) hie syn bilidenis dien yn Droegeham. Hy kom op 'e joun werom. Doe't er oan 'e grouwe ikebeam ta wie, wie der in lyts hountsje njonken him kom. Dat wie by him bleaun oan hûs ta. Neffens Anders-om hie dat de duvel west. It hountsje hie deun tsjin him oanroan. Doe't Anders-om thús wie, hied er oan elke hier in switdrip hawn.
nl.verhalenbank.26239
By de greate ikebeam hat froeger in dobke west. Dêr kom nachts altyd hwat út, dat hjir en dêr omroan en dan fansels weiwaerd.
nl.verhalenbank.19350
By de dikke ikebeam brânde altyd in ljochtsje. Dat wie in spoekljocht. Hwat dat west hat, hat noait ien witen.
nl.verhalenbank.20679
By de grouwe ikebeam yn 'e Harkema spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.26246