Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
3 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: eik Place of Narration: Drogeham
Hjir oan 'e Lytse wei op 'e dyk stiet in ikebeam. Hindrik Borger wennet nou yn it hûs dat dêr by stiet. Dêr is al ris in âld-minske formoarde woarn. Dêr stiet noch in krús fan yn 'e ikebeam. Dat krús giet der noait út. Kappe se de beam om, dan komt it wer yn 'e nije stamme.
nl.verhalenbank.28881
Oan 'e Lytse Wei ûnder Droegeham, dêr't nou Hindrik Borger wennet, seagen de minsken froeger in swart frommes. Dat frommes spûke dêr. Dêr is earen in âld minske formoarde woarn. Se wolle wol ha dat dat datselde frommes is. Yn 'e wâl op 'e dyk stiet in ikene beam mei in krús der yn, ta in teken dat it dêr gebeurd is. Dat krús koe der noait wer út, seinen se.
nl.verhalenbank.28901
By de dikke ikene beam oan 'e Betonwei yn 'e Harkema kom us in gloeijige man oansweven, flak boppe de groun lâns oer de wei hinne op 't Fliet yn. Piter Hountsje (= P. Alma) hat him sjoen. Hy gong him dwars troch de fyts hinne.
nl.verhalenbank.28899
1