Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: echtpaar Place of Narration: Hurdegaryp
Jelle wie troud mei Sanne. Ik ha se beide goed kend. Jelle wie in hiele raren-ien. Hy flokte om 't oare wurd. Hy wenne by in boer by Dokkum. Op in kear, doe't er op wei wie nei hûs ta, kamen der twa ingels op him ta, hiel moai yn 'e klean mei stjerkes op 'e stof en de wjokken dy hâldden se foarút. Sy gongen flak foar Jelle stean, doe gongen se even in...
nl.verhalenbank.19719
Auke en Sjut fan 'e Tike hienen berntsjen hawn, dy't se net oanjoegen by de burgerlike stand. Of se deageboaren wienen of formoarde woarn, dat wist eins net ien. Mar se seinen dat de âlden se oan kant brocht hienen. Dy berntsjes bigroeven se achter yn 't skieppehok. Midden yn 't hok stie in peal dêr dounsen dy berntsjes om hinne. Sy koenen de rêst net...
nl.verhalenbank.19785
Yn Garsthuzen (Grinslân) hearde ik op in nacht dúdlik saegjen yn 'e hûs. Wy leinen op bêd. Ik sei tsjin myn man: "Sil ik der us ôf gean om to sjen, hwat dat is?" Mar hy sei: "Ei jonge né, stil lizzen bliuwe." Dat ik ha der net nei sjoen. Ik wie doe sahwat acht en twintich jier. Letter is 't hûs hielendal fortimmere woarn. De namme fan it hûs is...
nl.verhalenbank.17754
Wybren Wartena syn heit wenne yn Garyp. Dy wie foar de twadde kear troud. Hy hie buorkerije en in herberch. Doe't syn earste frou stoar biloofde hy har, hy soe noait wer trouwe. Mar hy die it al. Sy koenen it skoan rêdde en sy gongen der togearre wolris mei de tilbry op út. As se dan thúskamen gongen de skûrredoarren fansels iepen. Dat wie it wurk fan syn...
nl.verhalenbank.19786
By Sjoerd en Tryn op 'e Sumarreheide gong it altyd op in kaertspyljen. Sjoerd siet fol fan flokwurden. Hy stjûrde samar in kaert út en in lege flesse en dan sette de duvel even letter in flesse drank op 'e reinwettersbak del.
nl.verhalenbank.19781
Der wie in frou, dy wenne yn Ljouwert. Har man hiet fan Schaaf. Hy forhierde plezierweinen. Myn âldste dochter hat der as faem wenne. Dy frou wie by de frijmitselders. Nou en dan seach se yn 't gebou har forstoarne jonge. Sy sei tsjin har man: "Hwat woe ik graech, datstû ek us mei gongste om de jonge to sjen." Dat gebou stie yn Ljouwert. Hy gong mei, mar...
nl.verhalenbank.18104
Ik ha yn 'e Skrâns wenne by minsken, dy hieten fan Olivier. De man wie in bulte fuort. 't Gebeurde wol, dat de frou dan to boadskipjen gong. Dan liet se in tsientsje yn 't kammenet lizze en de kaei nom se mei. As se werom kaem, wie 't tsientsje fuort. 't Rekke samar fansels fuort, wylst doch net ien ta 't kammenet komme koe.
nl.verhalenbank.18109
Gjert bihandelde Antsje sa min, dat it sloof hie noait sinten om hannen. De bern roanen mei de honger yn 'e hals om. Der wienen twa. Antsje roun faek genôch skriemend om 't hûs hinne. Gjert hâldde alles sels. Antsje wie skroar. Op in kear foun Antsje twa ryksdaelders. Hja naem se op en frege: "Binne dy fan jo, Heare?" Doe hearde se in stim fan boven, dy't...
nl.verhalenbank.19774
Op 'e Sumarreheide wennen minsken, dy hienen it o sa krap. Hja hienen gjin jild om iten foar de bern to keapjen. Op in joun by 't winter wie it minske der allinne op út. It skriemen stie har neijer as 't laitsjen. De stjerren stienen oan 'e loft. Doe kaem dêr in stim fan boven, dy sei: "Hier heb jij een pong met geld." En doe lei der samar in ponge mei...
nl.verhalenbank.19775
Auke en Sjut dy wennen op 'e Tike. Sy stienen min bikend. Us Wytse-om en ús Jehannes-om dy kommen dêr moarns bitiid faek lâns as se nei de merk ta gongen foar de handel. Dan seagen se dêr altyd twa wezentsjes omspûkjen. (popkes) Op in kear frege Jehannes-om: "Hwat is dat dêr altyd by jimmes achter op 'e tún? Dêr spûket it." Doe krigen Auke en Sjut beide...
nl.verhalenbank.19717
1