Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Singel - dat wie froeger in modderpaed - seagen se nêst jierren wylde lantearnen. Letter binne der op dy plakken huzen boud.
Dy wylde lantearnen wienen de ljochten fan dy huzen.
nl.verhalenbank.28513
Froeger seagen wy wol us wylde lantearnen. Èk yn 'e buert fan 'e Skieding. Dan kom dêr letter in hûs.
nl.verhalenbank.24882
Wylde lantearnen wie de foartsjirmerije fan 'e lettere fytslampen. Doe't wy froeger yn 'e Bosk wennen seagen wy se hiel folle.
nl.verhalenbank.28924
Wy ha froeger faek wylde lantearnen sjoen. Dat wienen ljochtsjes bûtendoar. "Sjoch, mem, in wylde lantearne", seinen wy dan. Dy wylde lantearnen, dat wie de tjirmerije fan de fytsen en autoën.
nl.verhalenbank.17550
Alde minsken sizze: De wylde lantearnen, dy't wy froeger sjoen ha, dat wienen de fytslampen en de autoljochten fan lettere tiid.
Yn 'e buert fan 't Blauhûs sweefde faek in wylde lantearne. Froeger wie de wei fan 't Blauhûs nei Boelensloane in sânpaed. Dat is letter in hurde wei woarn. Dêr kinne se nou fytse en autoride. Dy lantearne hat dat doe al oanjown.
nl.verhalenbank.25517
Myn Pake en mem seagen hjir yn 'e Harkema yndertiid yn 'e Smoarhoeke ljochtsjes oankommen, dy draeiden om 'e hoeke de slingerpaedtsjes del. 't Wienen wylde lantearnen.
Letter rieden de fytsen dêr lâns mei jouns de ljochten op.
Dy lampen fan ' e fytsen ha sy doe fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26220
Us heit hat froeger wylde lantearnen sjoen krekt as in trein. Dat gong by Readskuorre lâns troch Droegeham op Koatstertille yn. Heit biwearde, hy hie de trein rinnen sjoen. Hy hat de trein ek fluitsjen heard.
"It duorret mar even," sei heit, "dan komt dy trein hjir."
Mar heit is nou al twa en fyftich jier dea, en der is noch altyd gjin trein.
nl.verhalenbank.28668