Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Bennema-state yn Hurdegaryp - nou in tehûs foar âlden fan dagen - stiet in hekke, dy't se noait ticht hâlde kinne. Docht men him ticht, dan giet er klokslach 12 ûre yn 'e nacht wer iepen. Mar as men hwat roggestrie om it slot hinne wuollen, dan bleau er ticht.
De man dy't yn Bennema-state wenne hat, hie him oan 'e duvel forkocht. Doe't dy dea wie...
nl.verhalenbank.31032
Frijmetselers binne oan 'e duvel forkocht. Hja ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e frijmetselders dea. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil. Dy't it lot treft, wurdt fan kant makke.
Hja ha altyd wol jild. As it op is, hingje se foar de nacht in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar.
De oare moarns is er fol jild. Dy't...
nl.verhalenbank.29682
Guon ha in wikseldaelder, dy't se fan 'e duvel krije. Sokken binne oan 'e duvel forkocht. In wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.31192
Frijmitselers binne minsken dy't in forboun mei de duvel ha. Jild ha se altyd genôch om hannen. Om 'e safolle jier mat der ien dea. Dy is dan foar de duvel.
nl.verhalenbank.31187
Lytse Remmelt de Haan, dy't meastal Pints neamd waerd, wie in frijmitseler. Hy joech altyd mar twa fingers as er ien lokwinske. Hy hie in kontrakt mei de duvel sluten, seinen se en hie dêrtroch noait gebrek oan jild.
As der in frijmitseler yn 'e earmoed rekket, wurdt er altyd troch oaren holpen. Men kin der net wer by wei, as men ien kear lid is. Der...
nl.verhalenbank.31613
Der wie in boer, dy wie earm. Doe forkocht er him oan 'e duvel. Doe wie de earmoed oer: elk dinkje dat er optilde siet jild ûnder. Mar hy woe wol ûnder 'e duvel wei, hy hie op it lêst jild genôch.
Op in kear droomde er. Hy kaem yn in moaije feestsael. 't Wie dêr allegear pracht en prael, en 't gong drok op in feestjen. Hy die der sels ek oan mei.
Midden...
nl.verhalenbank.31029
Frijmetselders hawwe altyd jild om hannen. Dat ha se fan 'e duvel. Mar dêr matte se letter foar boetsje om de safolle jier mat der ien dea, dêr wurdt om lotte. Se binne altyd sà soun, sà dea. As se dea binne, binne se foar de duvel.
nl.verhalenbank.31239