Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in boer, dy wenne yn in hiel âld plaets. Dy moest och sa noadich forboud wurde. Mar dêr wienen gjin sinten foar.
De man prakkesearre der alle dagen oer en hie der gjin wille om. De plaets wie oan 't omfallen ta en dan wie 't net bêst. Dan hie er foar syn húshâlding en foar syn fé net mear in dak boven de holle.
Jouns kuijere er faek op it hiem...
nl.verhalenbank.25295
Frijmitselders ha de siele oan 'e duvel forkocht. Sy matte altyd timmerje. Om 'e sawn jier mat der ien fan dea.
Dy't der ienkear by is, kin der net wer by wei.
nl.verhalenbank.22129
Stammerige Harm koe ek tsjoene, mar dy hie 't meast op it fé forsjoen. Dy moest men noait by it fé litte. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Dy hied er altyd by him yn 'e bûs.
Hy wie frijmetseler. Frijmetselers ha altyd in wikseldaelder. Dy ha ek altyd jild. Mar ien kear draeit de duvel har de nekke om. Om de sawn jier mat der ien dea, krekt as by de...
nl.verhalenbank.30505
Us buorman Gosse die noait in slach en doch hied er altyd wol jild. Hy libbe sa'n fjirtich jier lyn. De minsken seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan sinten hie hinge er jouns in potsje bûten oan 'e doar. Dan wie 't de oare deis fol.
nl.verhalenbank.25485
Hanne Foekes wie in Eastemarder. Hy wie de tûkste ielfisker fan syn tiid. Hy fiske faek op 'e Leijen. Hy wenne allinne yn in aekje en geat altyd in ekstra kopke kofje yn foar Jan. Dat wie de duvel. Mar op in kear lei er by de Krúswetters yn 'e buert fan Earnewâld. Doe geat er ek wer in bakje foar Jan yn. Mar doe bigoun 't skipke sa bot to skodzjen, - dat...
nl.verhalenbank.24610
Der wienen guon, dy hienen in wikseldaelder. Sa'n ien hie mei in swarte kat nei 't tsjerkhôf west. Dan frege er hwa't dy kat keapje woe. Dan kom de kweade en dy joech in wikseldaelder yn ruil foar de kat.
Sa'n wikseldaelder moesten se altyd hâlde.
nl.verhalenbank.22248
Deze zelfde Floor Bos die is is een keer met paard en tilbrie door de Singelgracht van de Catrijnesingel in Utrecht gereje en hij kwam d'r an de andere kant weer gewoon uitrije. Floor Bos die had z'n eige an de duivel verkocht.
nl.verhalenbank.70650
Piters Willemke wie in tsjoenster. As dy forlet hie fan jild, dan hong se jouns in lege ponge oan 'e doar en de oare deis siet dy fol jild.
nl.verhalenbank.30089
Frijmitselders binne maten fan 'e duvel. Dy ha altyd wol sinten. Dy krije se fan 'e duvel.
Sy ha in wikseldaelder, dy is in ryksdaelder wurdich. Dy krije se altyd wer yn 'e bûs, ek al jowe se him út. Dy krije se op 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.22328
To Bennema-state yn Hurdegaryp - nou in tehûs foar âlden fan dagen - stiet in hekke, dy't se noait ticht hâlde kinne. Docht men him ticht, dan giet er klokslach 12 ûre yn 'e nacht wer iepen. Mar as men hwat roggestrie om it slot hinne wuollen, dan bleau er ticht.
De man dy't yn Bennema-state wenne hat, hie him oan 'e duvel forkocht. Doe't dy dea wie...
nl.verhalenbank.31032
Doe't de pleats fan 'e stiennen ûlebuorden troch de duvel en syn trawanten boud wie, liet de boer dêr 2 houten ûlebourden opsette, mar dy kamen hyltyd wer del en dêr siet in hynstepoat op. De duvel hie se der ôftrape. Dat gebeurde hyltyd wer. Elke kear wie dêr de print fan in hynstepoat op to sjen. Doe hat de boer der stiennen ûlebuorden op sette litten....
nl.verhalenbank.32275
Wy ha twa jier njonken stammerige Harm wenne. De minsken seinen dat er tsjoene koe. De man hie altiten wol jild. Hy wie oan 'e duvel forkocht, seinen se en hy hie in wikseldaelder. Mar hy wie ek ôfgryslike deun en sunich. As er ûnderweis út 'e broek moest, died er syn bihoeften yn 'e bûsdoek. Hy pakte 't yn en naem it mei en lei it by him thús op it...
nl.verhalenbank.20117
Frijmetselers binne oan 'e duvel forkocht. Hja ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e frijmetselders dea. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil. Dy't it lot treft, wurdt fan kant makke.
Hja ha altyd wol jild. As it op is, hingje se foar de nacht in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar.
De oare moarns is er fol jild. Dy't...
nl.verhalenbank.29682
Alde Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean krige us op in nacht selskip fan in pear man doe't er ûnderweis wie. Hy tocht: "Dy wolle my birove."
"Ik mat earst efkes mei de âlde ôfrekkenje", sei er. Wylst draeide er mei de hakke in kûle yn 'e groun en lei dêr twa ryksdaelders yn. De twa naeiden út, sa hurd as se koenen.
nl.verhalenbank.20473
Der wie in boer dy wie oan reapsein. Syn skuorre wie sa min, dy koe samar ynstoarte. Dêr siet er tige oer yn. Doe kom de duvel by him. Dy sei: Ik sil dy in nije pleats bouwe noch dizze nacht. Hy is klear foardat de hoanne kraeit. Mar dan mast dit even ûndertekenje. De boer die dat. Doe wied er oan 'e duvel forkocht.
Doe gong 't dy nachts op in timmerjen....
nl.verhalenbank.24832
Frijmitselers binne kûgelfrij. Hja forflokke alles, as hja frijmitselers wurde. Hja forkeapje harsels oan 'e duvel.
Trochdat se in wikseldaelder ha, ha se noait gebrek oan jild.
Hja hingje de lege ponge op, dy't de duvel wer fol makket.
nl.verhalenbank.29481
As er Janne bitelje moest, gebeurde it wol, dat er sei: "Dan moet ik even de deur uit." Dan krige er it jild fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.19740
Frijmetselers wienen/binne minsken dy't har oan 'e duvel forkocht ha. Se stjerre in rare dea. Men fynt se dan meastal mei de kop omdraeid. Frijmitselers ha altyd wol jild, dêr soarget de duvel foar.
As se by it boun fan frijmitselers wei wolle, reitsje se dea. Se kinne der by har leven net by wei.
Frijmitselers binne altyd oan 't timmerjen, se meitsje...
nl.verhalenbank.30477
Guon ha in wikseldaelder, dy't se fan 'e duvel krije. Sokken binne oan 'e duvel forkocht. In wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.31192
Frijmitselers binne minsken, dy ha noait forlet fan sinten.
Yn 'e Grinzer Pein wenne Sipke Pûde. Dy syn soan Albert wie fékoopman, krekt as heit. Mar heit wie altyd earm en Albert hie altyd wol jild. Hy wie in frijmitselder. Hy sei tsjin heit: "Dû mast frijmitselder wurde." Mar heit sei: "Ik forkeapje my net oan 'e duvel."
Albert reizge noait allinne, dat...
nl.verhalenbank.22059