Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
It wie in wûndere âld-keardel. Hy spile mei de duvel ûnder ien huodtsje. Hy hie in forboun mei de duvel.
Hy hie gâns in tún. Dy wie wol sahwat hûndert roede great. Dêr hied er sparje yn. Dy sparje moest sleept wurde. 't Is wier gebeurd, hwat ik nou fortel, ik siet der sels by. In eintsje fan him ôf wenne in keardel, dy hie him biloofd, hy soe de sparje...
nl.verhalenbank.24937
Een monnick wilde Doctor Faustus bekeeren.
DEse wonderlicke aventueren ende guychelspelen van Doctor Faustus en wierden niet alleene tot Erfort ruchtbaer, maer oock over het gantsche landt. Daeromme dat veel edelluyden ende heeren der omligghende landen na Erfort by hem quamen om met hem kennisse te maken, om wat wonderlicks van hem te siene ende te...
nl.verhalenbank.72344
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel. Sy matte der nachts faek op út. Der lekt neat fan út hwat se om hâns ha.
nl.verhalenbank.28923
Jan Kluwer roun mei de skearsliperskarre. Hy sei: As it pap regent, dan liggen onze schuddeltjes ommegekeerd.
"Sliep! Sliep!" rôp er, as er achter de karre roun. Hy hie net folle to dwaen. Der waerd sein dat er him oan 'e duvel forkocht hie. As er yn 'e Súd-oast-hoeke fan Fryslân tahâlde sliepte er yn 't folksloazjemint fan Terwispel, dêr't Janne yn...
nl.verhalenbank.32007
Frijmetselers binne kûgelfrij. Hja hawwe altyd jild.
Der wie in man, dy wie ek frijmetseler. Dy moest jild brûke. Doe hong er in koer oan 'e hoannebalke, dy soe de duvel folsmite. Mar dy man hie sa goochum west, dy hie earst de boaijem ûnder 'e koer weislein. Doe bigoun de duvel to smiten. Der kaem in hiele bult jild oer de skuorre to lizzen en de koer...
nl.verhalenbank.30406
Der wie in boerke, dat hie forlet fan jild.
Doe kom de âld feint by him, dy sei: "Ik woe dyn siele wol keapje."
"Dy kinst àl krije," sei 't boerke, "mar dan mast my dizze lears fol jild leverje."
"Nou," sei de âld feint, "dat nim ik oan. Hingje dy lears mar oan 't groubynt yn 'e skuorre. Mar as ik him fol ha, dan pak ik dy direkt."
"Bêst", sei 't boerke,...
nl.verhalenbank.25194
Alde Taeke Pyt hie in wikseldaelder. Elkenien hie earmoed, mar hja koenen 't altyd skoan dwaen.
De duvel hie him har jown.
nl.verhalenbank.31122
Der wie in man, dy wie o sa min. Hy lei al hast op 't stjerren en der moest alle nachten by him wekke wurde. Dy man dy wie oan 'e duvel forkocht. As de lju der sieten to wekjen, dan forskynde de duvel dêr sa mar en dan naeiden se hurd út.
Mar doe wienen der twa, dy seinen: "Wy doarre dêr wol to bliuwen." "Wy wolle fan 'e duvel neat wite", seinen se. "De...
nl.verhalenbank.21696
It gebeurde ek us op in kear, doe siet ik by him, doe wie de doar ek wer út himsels iepen en ticht gong. Mar doe fornaem ik wol, dat der kreaud woarde. De man hie heftige biwegings en sy wienen it lang net iens togearre, koe 'k wol fornimme. 't Wie mis, hy wie mar oan 't haspeljen en oan 't jeuzeljen tsjin dy 'oare'.
Doe kom dy âld man oerein en hy gong...
nl.verhalenbank.24936
Piter hie in wiif, dat wie in tsjoenster. Nachts wie se der op út, dan lei de pânse allinne op bêd.
Piter sels hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan jild hie, dan hong er in lege jildponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. Dat die er jouns. De oare moarns siet der jild yn.
nl.verhalenbank.25431
Guon ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan in wikseldaelder foar. Dy rekket noait op. Sy matte trije kear mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne rinne, dan krije se dy wikseldaelder fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25425
Frijmitselers forkeapje har siel oan 'e duvel. Dêr krije se jild foar yn 't plak. Oan jild ha se noait gebrek. Nou en dan hâlde se in forgadering yn in gebou. Dêr wurdt dan ien útkiesd, dy't ien formoardzje mat.
nl.verhalenbank.29592
Op 'e Sumarreheide wennen twa minsken, dy werkten noait. Se dienen noait in slach. Hoe koe dat sa?
Hja hienen in wikseldaelder. Jowe se sa'n wikseldaelder út, dan komt er altyd werom. Sa'n wikseldaelder komt fan 'e duvel. Dy't in wikseldaelder hat, is oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.30362
Heit fortelde:
Der wenne in faem by in boer. It wie in feardige faem mei in pear goeije hannen oan 't liif, dat de boer wie wiis mei har. Twa jier hat se dêr tsjinne. Se hiet fan Jantsje en krige forkearing mei in sikere Jan. Snein-to-jouns om 'e fjirtsjin dagen kom er by har en dan sieten se togearre yn 't achterhûs. Mar hy fornaem hwat fremds oan har....
nl.verhalenbank.16159
Van eenen ouden man die Doctor Faustus van syn godloos leven heeft willen bekeeren ende wat ondanck hy daervoor hadde.
DAer was een seer christelick ende godvreesende medicijn die een liefhebber van Godes woort was ende een ghebuere van Doctor Faustus. Deselve, alsoo hy sach dat veel studenten by Doctor Faustus uut ende in liepen, ghelijck als in eenen...
nl.verhalenbank.72346
Frijmitselers binne lju, dy ha har oan 'e duvel forkocht. Is it jild op, dan hingje se in ponge op en de duvel soarget der foar dat dy wer fol rekket. Ienkear hat sa'n frijmitseler de duvel to fiter hawn. Doe hong er net in ponge op, mar in lears. En dêr hied er de soale ûnder wei snien. Doe't de duvel dêr dy nachts jild yn die, rekke dy lears noait fol,...
nl.verhalenbank.29815
Volkssprookje in Doornspijk
Dieven en moordenaars, die een verbond met de duivel gesloten hebben, zijn 't meest gevaarlijk voor zwangere vrouwen en pas geboren kinderen, daar zij trachten om ongeboren kinderhandjes te bekomen, welke hun des nachts voor licht of lantaarn dienden, en alleen door ze in zoete melk te dompelen, kunnen uitgebluscht worden.
nl.verhalenbank.39435
Frijmitselders ha noait forlet fan sinten. Dy krije se fan 'e duvel. Mar dan is de siele nei de kelder. Dy't ienkear frijmitselder is mat it bliuwe. Wolle jo by de frijmitselers wei, dan wurde jo op de iene of oare wize fan kant makke.
nl.verhalenbank.25197
Ik ha ûnder tsjinst lein. Dêr wie ek in jonge, dy kom fan Brabân. Dy fortelde: Der wenne njonken my in âld man. Dy âld man hie in forboun mei de duvel.
Ik kom in protte by dy âld man. Ik wie noch mar in jonge, doe kom ik al by him. It is faek gebeurd, dan siet ik by him, dan gong de keamersdoar ynienen samar iepen en fuort dêrnei ek wer ticht. Men koe net...
nl.verhalenbank.24935
Hjir hat in man wenne, dy syn bynamme wie Sint. Hy praette net to fris. Dy man hie in protte sinten, dêrom hied er dy namme tink. Op in kear siet er oan 'e kant fan 'e feart to jildtellen. Sa trof pake him.
"Hwat hastû in jild, jonge", sei pake.
"Dû kinst ek wol safolle jild krije", sei er tsjin pake. "Dan mast mei in swarte kat trije kear om 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.25356