Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Guon dy't in wikseldaelder hienen wienen oan 'e duvel forkocht. Sa'n wikseldaelder gong noait oan ein, dy rekke net op. Hy groeide altyd fansels wer oan.
As sokken dea gongen, wienen se foar de duvel.
nl.verhalenbank.25486
Us buorman Gosse die noait in slach en doch hied er altyd wol jild. Hy libbe sa'n fjirtich jier lyn. De minsken seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan sinten hie hinge er jouns in potsje bûten oan 'e doar. Dan wie 't de oare deis fol.
nl.verhalenbank.25485
Sipke Alberts wie in great fékoopman. Mar dat hat er net altyd west. Yn froeger tiden siet er krap by kas. Hy hie in greate húshâlding en werke woe er net. Hy slachte wrak fé en dat sutele er dan út.
It gebeurde us dat er yn in dronken bui, doe't er mei de Feanster boat nei Ljouwert west hie en wer nei Grinzer Pein ta roan, krekt even foarby café De...
nl.verhalenbank.25304
Alde Lútsen wie in rûch man. Hy wenne by de Fjouwer Roede. Hy hie in hiele grouwe buchel op 'e rêch. Dat wie allegear synwetter. (in synbult)
Dokter Hemminga fan 't Surhústerfean woe him foar in goune dy bult weinimme. Mar dat woe Lútsen net.
Hy sei: "Sjoch us even, dizze is my mear as in daelder wurdich. Hwant as ik dizze kwyt bin, dan krij ik de klappen...
nl.verhalenbank.25305
Yn Grinzer Pein wenne in sekere Albert, dy leefde fan 'e handel. Mar hy hie noait sinten. De gong er op in joun mei in swarte kat nei 't tsjerkhôf ta en sei: "Wie koopt mijn poesje?" Doe hied er in wikseldaelder krige. Doe woarde er ryk.
Mar letter doarst er noait wer bûtendoar, as 't skimerjoun woarde. Dan siet er altyd thús. Dan wied er bang foar de...
nl.verhalenbank.25501