Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Toverboeken
Trije bruorren út 'e Westerein kochten op Kollumer of Bûtenpostmer merke ris in duvelsboek . Dêr learden se allerhanne toverkunsten út . Se koenen de minsken bygelyks stilstean litte op 'e wei, of se koenen de froulju de rokken samar ôffalle litte. Se liezen om bar yn dat boek. It eigenaardige wie: it mocht noait fan 'e iene nei de oare...
nl.verhalenbank.12465
Minse Griper wie de man fan Tryn Snipel. Minse koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dat die er mei in duvelboek. Dêr lêsde er yn, dan kommen de soldaetsjes deroan. As er alles tobek lies, gongen de soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.24376
Der hat ek in boer west, dy hie sa'n duvelsboek. Dy brûkte it foar syn wurk. As er dongstruije moest, lies er mar even yn 't boek, dan kommen de roeken delsetten en dy hienen de dong samar útinoar struid. Dan hoefde er 't sels net to dwaen.
nl.verhalenbank.24837
Der wienen twa man yn 'e Westerein, dy hienen togearre in duvelsboek. It wienen Ytsje Jelle en Tytsje Jelle. Sy lieten der soldaetsjes mei ta de hurddobbe út komme. Dy gongen der wer ta'n yn, as se itselde tobekliezen.
De beide Jelles wennen flak byinoar. Op 't lêst krigen se sa'n lêst mei dat boek, dat sy woenen it wol graech kwyt. It wie sa dat de duvel...
nl.verhalenbank.24836
Jehannes Meerstra liet foar ús op 'e Wâl soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dat hat er dien by Fije Simens, dat wie noch hwat famylje fan Jehannes. Wylst lêsde hy yn 't duvelsboek.
Hy liet de tange samar út himsels om 't hurdfjûr hinne springe. Dat haw ik sels sjoen. Ik wie bang foar Jehannes en syn kunsten.
De froulju liet er de klean ôfsakje en hy...
nl.verhalenbank.29668
Mar Jelle krige it der mei to dwaen en woe 't boek wol graech kwyt. Dêrom sei er op in kear tsjin Boele: "Hjir hastû it boek hwat earder wer as de ôfspraek wie. As ik it wer noadich ha, dan freegje ik dy der wol om."
Mar dat die er net, hy frege der noait wer om. Sadwaende hâldde Boele it boek.
Boele wie âld-feint en wenne by syn mem yn 'e hûs. Op in kear...
nl.verhalenbank.20534
Jehannes Meerstra koe duvelskunsten forrjochtsje. Hy koe alles komme litte en alles fortrekke litte. Hy hie in boek. Dat wie 'Het boek van de zwarte kunst'. Dat is in duvelsboek. Dy't sa'n boek hat, kin it noait wer kwyt wurde. Hy kin 't forbrânne, it jowt him neat, it brânt net op. Hy kin 't yn 't wetter smite, it is toforgees, it wetter taestet it boek...
nl.verhalenbank.29667
Toverboeken hite ek wol duvelboeken. De tsjoensters hienen sa'n boek.
nl.verhalenbank.19411
Hy hie in duvelsboek, dat koed er net kwyt wurde.
Hy wie in raren-ien yn syn jonge tiid. Hy hat dat boek forbrând, mar dat joech neat. It kom likegoed wer. Op 't lêst bigong er to bidden. Hy is bikeard. Doe is er 't kwytrekke.
nl.verhalenbank.21617
Hwannear't Jelle en Boele hwat útheefden troch middel fan it duvelsboek, moesten se even letter alles wer tobeklêze om de tovenarij wer ongedaan to meitsjen.
nl.verhalenbank.20535
Myn pake Jelle van der Wal koe âlde roeken ta de hurd útkomme litte. Hy hie in duvelboek. Dêr lêsde hy dan yn. As hy tobeklêsde gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.21614
Ytsje Jelle fan 'e Westerein en Boele fan Kollumersweach hienen togearre in duvelsboek. As se dêr yn liezen, dan koenen se eksters en soldaetsjes ta de hurbe (=hurddobbe) útkomme litte. Se hienen dat boek om 'e beurt, soms wie 't yn 'e Westerein by Jelle, in oare kear wie 't by Boele op 'e Sweach.
Hja hellen der fan alles mei út.
Sy moesten us in kear...
nl.verhalenbank.20533
I. De duivel
1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt?
Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.127363
Herk leerde dit uit een boekje, het zoogenaamde duivelsboekje. Dat had hij gekregen van een schippersknecht. Het eigenaardige van dat boekje was, dat men het alleen kwijt kon komen aan iemand die sterker was dan de eigenaar. De schippersknecht had wel geprobeerd het te verbranden. Het gaf hem niets; hij hield het. Eindelijk wou Herk Ooievaar het hebben....
nl.verhalenbank.9051
Ytsje Jelle en Tytsje Jelle wennen flak by elkoar.
Hja hienen in duvelboek. Dat koenen se hast net kwyt wurde. Sy moesten it forkeapje.
Sy lieten kabouters en soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dan lêsden se foarút. Lêsden se itselde wer tobek, dan gongen dy soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn.
Der wie ek in boer, dy hie sa'n duvelsboek; Hy wie op in...
nl.verhalenbank.24050
Der wie in skippersfeint, dy haw ik wol kend. Hy foer mei in âld man op in skip, dy wie ôfkomstich fan Doezum. Sy foeren mei turf. Sy wennen dêr yn in lyts foarûnderke. Op in kear soe de skipper dêr kofje ynjitte, mar as er de kofjepot krije soe, dan wipte dy fuort. Dan grypte dy skipper der nei, mar dan wipte er wer fuort. De feint siet der by to gnizen....
nl.verhalenbank.26320