Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It gebeurde wol dat manlju de trêddedeiskoarts hienen.
Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dy frege: "Ha jim nei de klaei west?"
nl.verhalenbank.20588
Myn frou har pake en beppe wennen yn Feankleaster. Dy hienen bargen yn 't hok, dy woenen net groeije. Sy hienen al duveldrek yn 'e trôch dien, mar dat holp neat. Der kom altyd in hazze yn 't hok.
Doe binne se nei Wopke ta gong. Wopke sei: "Jimme matte dy hazze mar rame." Dat ha se doe dien en doe rekken se de hazze mei in gripe yn ien fan 'e egen.
Even...
nl.verhalenbank.22763
Alde Jan Bearns van der Veen wenne yn 'e Mieden by de Bûtenpostumer feart. Hy hie in bern, dat wie net goed. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Wopke joech him in drank. Hy sei: "Tink der om, dû mast aenst om in peal hinne. Dan komt der in kot by dy en dy wol by dy opspringe. Dû mast om 't fleske tinke."
Sûnder dat Jan der erch yn hie...
nl.verhalenbank.22761
Ik haw in suster hawn, dy hat bitsjoend west. It bern wie noait goed dat doe hat ús folk nei Piter Poes ta west, de duvelbander fan Sumarreheide.
Piter Poes sei: "Der komt aenst ien by jimme, dy wol de jirappelgripe fan jo liene, hwant hja wol to jirappeldollen.
Doe kaem de soan fan ús buorfrou om 'e jirappelgripe.
Mem sei tsjin him: "Né, dy krigest net."...
nl.verhalenbank.37207
Myn wyfke komt út 'e Westerein. Har heit wie plysje. Dy syn snoars hat faem west by greate Wopke fan Kûkherne. Antsje hiet hja. It gebeurde, dat as Wopke drankjes rémakke, dat alle fleskes út elkoar sprongen. Dan sei Wopke: "Antsje, dû mast de blinen ticht dwaen, hwant it wol sa net."
Antsje leaude echt oan tsjoenen.
nl.verhalenbank.20878