Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wy hienen in famke, dat wie altyd gammel en siik. Doe kom der ris in kear in sekere Filippus by ús. Dy sei: "Hwat is hjir to rêdden? Is jimme fanke siik?"
"Al in hiel skoft", sei 'k.
Hy sei: "Jimme matte nei de duvelbander, hwant der sil wol hwat oars achter sitte. Jimme bern sil wol bitsjoend wêze. Ha jim it kessen al ris iepenmakke?"
Doe makken wy it...
nl.verhalenbank.27554
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme.
It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
De bern fan Jelle Huisman fan 'e Wygeast woenen net groeije. Hwat de âlders der ek oan dienen, it bleauwen tjirmers. Op it lêst kommen Jelle en 't wiif der achter dat de bern bitsjoend wienen. Der siet kweafolk achter. Jelle wie gau út 'e rie. Hy stapte nei greate Wopke ta. Wopke joech him in drank mei, mar sei der by: "Ik jow dy wol in drank, mar dû...
nl.verhalenbank.21966
Piter Poes wie duvelbander, dêr praetten de minsken froeger noch wol gauris oer. Dêr't Linse Hoekstra wenne hat, njonken 't Sportterrein op 'e Sumarreheide, hat er wenne.
't Húske stiet der noch, mar 't is nou modernisearre.
nl.verhalenbank.31967
Wierd Harms Hoogstins wenne oan 'e âld trambaen (dat wie doe noch gjin trambaen). Hy gong foar in siik hynder nei Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Dat wie in soart féarts, mar hy wie ek duvelbanner. 't Wie yn 'e winter en dêr lei in dikke laech iis op it wetter.
Hinse joech Wierd in drank mei. Wierd wie dêr op redens kaem, mar doe warskôge Hinse...
nl.verhalenbank.31968
Myn suster hat as lyts famke bitsjoend west. Doe gongen se mei har nei Wopke ta, dy't yn Kûkherne wenne. Wopke stie by de hekke.
Hy sei tsjin mem: "O, ik wit wol, hwer't jo foar komme."
"Né," sei myn mem, "dat wite jo nèt."
"Ja," sei Wopke, "dat wyt ik wòl." Doe sei er: "Jow my dat bern mar oer. Gean jo mar nei myn frou ta."
Doe gong Wopke mei 't bern nei...
nl.verhalenbank.38150
As in bern siik waerd, froeger dan wie 't faek it gefal dat sa'n bern bitsjoend wie. Yn Jistrum wyt ik fan in gefal doe hellen se dêr in duvelbander by. Dat wie Piter Poes fan Sumarreheide. Dy kom op 'e hounekarre, en dan ried er sa hurd de sânreden del, dat it sân stoude der nei. Sa ha se my forteld. It kessen fan 't sike bern toarnden se iepen. Dan...
nl.verhalenbank.31189
Op 'e Wâl wienen in stik of hwat tsjoensters. Dy koenen har yn in kat foroarje. As men sa'n kat in skop joech, dan wie de tsjoenster de oare deis mank of sa.
Der wenne yn Feanwâldsterwâl in frommes, dat wie yn forwachting. Ik leau, dat se Maei hiet. Dat frommes wie bitsjoend troch ien fan dy tsjoensters.
Doe hellen se in duvelbander by har. Dat wie Pieter...
nl.verhalenbank.29660
As in bern bitsjoend wie, gong it altyd sa om en ta. Der woarden krânsen yn 't kessen foun. De fear wie dêr ynelkoar gong.
Dan gong men nei Wopke duvelbannner ta. Dy joech in drankje. Wie men ûnderweis, dan sprong der 't ien of oare swarte ding - meastal in houn - by jin op.
Men moest de hân stevich op it fleske hâlde, oars gong it kapot. Hwant dêr wie 't...
nl.verhalenbank.23615
Myn pake en beppe ha beide bitsjoend west. De âlde minsken wienen lang net goed en doe't se de kessens iepen makken, kamen dêr krânsen út. Dy krânsen ha se opbrând. Hja ha der foar nei de duvelbander west en binne wer better woarn.
Fan Wopke krigen se in drankje. Underweis moesten se mei 't drankje om in hekke hinne. Wopke warskôge har, dat se dêr...
nl.verhalenbank.29661
Om 1915 à 1920 hinne makken se yn Feanwâldsterwâl, as der ien siik wie, syn holkessen iepen en seagen dat nei. As dêr in krâns fan fearren út kaem wie it bern bitsjoend. Dan hellen se de duvelbanner der by en dy wiisde oan hwa't it bern ûnder har macht hie. 't Wie faek in âld minske, in buorfrou of sa. De krâns waerd forbrând en de tsjoenster mocht net...
nl.verhalenbank.31004
Yn Twizelerheide wenne in winkelmantsje oan 't Wyldpaed. Dat wie lytse Úlke. Dy wie duvelbander. Dêr kamen de minsken altyd, as der ien bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.21954
As de tsjerne bitsjoend wie, woe 't net bûterje. Dan waerd de duvelbanner der by helle.
nl.verhalenbank.31207
Yn Noardermar wenne in frou, dy bisette it altyd yn 't boarst.
Doe gongen se nei Piter Poes ta, de duvelbander fan Sumarreheide.
Dy sei: "As jo nou fannacht op bêd geane, matte jo in kears meinimme. Dy matte jo yn in kop dwaen en foar 't boarst hâlde. As jo dan fornimme dat der ien troch 't kaeisgat komt, dan matte jo de kop hurd omdraeije en dan sjogge...
nl.verhalenbank.28469