Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: duivelbanner Place of Narration: Buitenpost
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se. Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend. In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
Mem en dy wennen yn 't oast fan Bûtenpost. Sy hienen wol gau us in hynder dea. Dat kom fan 'e tsjoenderij, seinen se. Doe gongen se nei Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne. Dy kom dêr by mem en dy. Hy lei guod ûnder 'e drompel en preuvele der hwat by. Doe wie de tsjoenderij foarlopich oer. Mar letter bigong it wer. De hynders stienen los yn 'e...
nl.verhalenbank.21279
As der bern bitsjoend wienen, gong men nei Wopke, de duvelbander ta. Dy joech altyd drank mei.
nl.verhalenbank.30957
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dat wie Wibe Baeije. Sjoerd en Durkje hienen in bern, dat hie hja bitsjoend. Doe gong Durkje nei greate Wopke ta. Wopke Minke joech har in drankje. "Mar pas op," sei Minke, "der komt jo ûnderweis ien foarby. Mar tink der om, dy mat net foarby oan 'e kant dêr't jo it drankje ha. Oars giet dat stikken. As soenen jo ek...
nl.verhalenbank.20010
Yn Bûtenpost wie us in bern siik. It bern koe net leve en net stjerre. Der siet in krâns yn 't kessen by 't bern. Dat wie 't wurk fan in tsjoenster. 't Bern wie dus bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta om to witen to kommen, hwa't de tsjoenster wie. Dy duvelbanner dat wie Foppe Banning, hy wenne op 'e Tsjerkeloane to Bûtenpost. Hy hie in...
nl.verhalenbank.22846
Ik ha 't oardel jier lang oan 'e nieren hawn. Doe kom myn swager út 'e Westerein us in kear by ús. Dy sei: "Der mankeart Bontsje neat. Hja sit ûnder forkearde minsken." Doe gongen se earst foar my nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Mar dy hat der net folle fan makke. Doe hat myn man foar my nei Úlke Bultsje west. Úlke sei tsjin him: "Kom bist dêr al, Japik?...
nl.verhalenbank.18120
Der kom ris ien út Burgumerheide om in drankje by Wopke to Kûkherne. Hy gong mei it drankje werom op 'e B'heide yn en nom doe in paed, dêr't er by om in hekke hinne moest. Doe bruts it drankje. Hy gong werom nei Wopke ta en sei: "It drankje is stikken rekke." Doe sei Wopke: "Ja, dat is dêr en dêr gebeurd by de hekke. Mar ik hie tsjin dy sein, datst dêr...
nl.verhalenbank.16495
Yn Burgumerheide wennen trije tsjoensters: 1 Frearke Jel, 2 har soan Piter, 3 Jimke Romk. De duvelbander wie Flippus Roorda, koster fan 'e herfoarme tsjerke to Burgumerheide. De soan fan Frearke Jel waerd neamd trochsmookte Piter.
nl.verhalenbank.16494
Soms wie Lamke fjûrbinaud. Dan raesde se it út. Dan hie de duvel har to pakken. Op in kear kom Wessel by Lamke en dy om nei Jochum to sjen, dy't doe siik wie. Wessel wie in raren ien, dy't net botte gau binaud wie. Mar doe't er wer ta de doar út soe, sei er: Ik kin der net útkomme, hwant der stiet ien foar. Hy hie ôfgryslike raer en binaud sjoen, doe't er...
nl.verhalenbank.16526
Jan woarde deatsjoend. Fokke, in broer fan Jan ek. En noch in oare broer fan Jan, dat wie Jochum, dy is ék noch deatsjoend. Jochum wie al troud, doe krige er it sa bot yn 'e rêch, dat hy sprong op krukken. Sa bot wied er bitsjoend troch syn eigen mem Karste Lamke en troch syn muoike. Se gongen doe nei Jonge Jan ta, de duvelbander fan it Wytfean. Dy sei:...
nl.verhalenbank.16524
De duvelbanders, dy't rieplachte waerden wienen Wopke fan Kûkherne en Úlke duvelbander (van der Wal), dy't oan 't Wyldpaed wenne en dêr in smarchwinkeltsje hie en branjehandel.
nl.verhalenbank.20018
As se yn 'e Harkema in duvelbander brûke moesten, gongen se meast nei greate Wopke fan Kûkherne.
nl.verhalenbank.19474
Op 'e Streek yn Feanwâldsterwâl wenne Fije Antsje. Dat wie in tsjoenster. Dêr wennen in pear berntsjes neist har, dêr wie de mem fan overleden. Dy berntsjes wienen net feilich foar har. Hja wienen deabinaud foar Antsje. Der kamen krânsen by dy bern yn 'e fearrene kessens. Se ha der mei nei Wopke fan Kûkherne west.
nl.verhalenbank.38453
35