Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: duivelbanner Narrator Gender: male Place of Narration: Twijzelerheide
Alde Karste Lamke wie hjir in bekende tsjoenster. Hja fleach op in biezemstôk troch de loft. Alde Libbe Griet en Theunis Seely wienen ek tsjoensters. Wie der hjir ien bitsjoend dan gongen se faek nei in duvelbanner. Dat wienen almeast Ulke duvelbanner fan 't Wyldpaed en greate Wopke fan Kûkherne. As se duveldrek leinen ûnder 'e drompel fan 'e keet koe de...
nl.verhalenbank.38648
Op in kear waerd der op it gleske slein oan 'e sydkant. 't Wie yn 'e nacht. Albert gong mei de houn der út. 't Wie in forskuorrende houn, dy't altyd fuort tahapte. Elkenien wie der bang foar. Hy wie wol sa great as dizze tafel. Albert waerd neat gewaer, doe't er bûten kaem. Mar de houn wie sa binaud, dy krûpte Albert fan bangens tusken de skonken. Dat wie...
nl.verhalenbank.22000
As it bern siik wie, woarde it kessen ûndersocht. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Oene fan Sweagerbosk. Dy joech altyd in drank mei. Dan sei er: "Tink der om dat net ien it drankje sjocht." De krânsen woarden opbrând yn 'e stookpot. Dan moest alles ticht wêze. It bern woarde wer better as...
nl.verhalenbank.27381
By uzes thús wie ris ien fan 'e bern siik. Heit wie yn Grinslân op 'e klaei oan 't wurk, mem wie allinne by de bern thús. It sike bern lei by har op bêd. It wie der net bêst oan ta. It gûlde en jammere wit hoe faek. Doe't it even stil wie, fornom mem in biweging ûnder 't kessen, krekt as slierde der hwat. Doe tocht mem: it bern kin wolris bitsjoend wêze,...
nl.verhalenbank.28703
It is froeger ris gebeurd dat ien fan myn susters bitsjoend wie. Hja wie noch tige lyts. Doe gong ús mem mei buorfrou nei Úlke duvelbander ta. Dy wenne oan it Wyldpaed. Úlke stie by de hekke. Hy leunde mei de earms oer de hekkepeal hinne. Hy sei: "Ik hie jim al earder forwachte. De lytse faem hat it mar slim topakken, hè?" Doe joech Úlke ús mem guod mei...
nl.verhalenbank.38315
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje, in swarte kat meastal. As hja der nachts op út is to tsjoenen lizze de terms op bêd. Hja bitsjoent yn 'e regel bern. Dan makket se greate krânsen yn 'e kessens. As in bern bitsjoend wie gongen se nei Kûkherne. Dêr wenne Wopke Minke, dat wie in duvelbanster. Dy joech dan in drankje mei. En dan sei se: "Nou sil der...
nl.verhalenbank.37658
Alde Wiger Syts wie in tsjoenster. Dy koe har foroarje yn in pânse. Myn skoanheit gong der mei har man wolris op út to mollefangen. Doe hat myn wiif dêr alris as fanke by dy minsken slept. It wie dêr dy nachts bot oan wei gong. Wiger wie der op út. Der kom in man yn 't holst fan 'e nacht. Dy sei: "Ik trilje oer de hiele lea. Piters Willemke fleach fan 'e...
nl.verhalenbank.28839
Der wie ien bitsjoend, dy wenne tusken Twizelerheide en de Westerein yn. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne ta, de duvelbander. Dy joech dy lju in drankje mei en sei: "As der jim nou aenst ien tomjitte komt, tink der dan om, dat dyselde net by de flesse komme kin. Hwant hy docht trije kear in raem op 'e flesse. Dy wol er kapot ha." Doe kaem der in kat,...
nl.verhalenbank.10687
35