Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As de tsjerne bitsjoend wie hellen se Piter Poes der by. Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
nl.verhalenbank.23120
Jehannes Hinses wie de soan fan Hinse Jehannes en wenne ek op it Swartfean. Hinse Jehannes wie duvelbander, mar Jehannes Hinses wie mear fé- en wûnderdokter.
Jan Meint fortelde, it earste hynder dat er kocht hie, dat hie er to Ljouwert kocht foar in skaplike priis fan in frommis. Dat wie in sigeunerfrommis. Dy lju hienen altyd hynders yn 'e handel....
nl.verhalenbank.32110
Doe't âlde Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, biïerdige woarde, lei der snie. Syn lyk kom yn in deafet, dat op 'e leider set woarde. Sa woarde er oer de snie nei 't hôf ta sleept. ('t Gebeurde ± 1900)
nl.verhalenbank.21786
Hwannear 't der ien kom by de duvelbander Piter Poes fan Sumarreheide, sei er: "Kom, bist dêr al? Ik ha de drank lang al klear hawn."
nl.verhalenbank.21778
Der wenne in boer yn Sumar, dy joech syn arbeiders fierstomin lean. Dêr wie ien arbeidershúshâlding by, dy liet er sahwat forrekke. De berntsjes hienen suver gjin klean oan. De iene nei de oare is fan 'e honger en fan 'e ellinde stoarn.
Doe't se allegear dea wienen, hearden dy boer en boerinne alle nachten bernelûden yn 'e skuorre. Dat wie by 't twade...
nl.verhalenbank.31622
Piter Poes wie duvelbander op Sumarreheide. Kamen der minsken by him dy't thús lêst hienen fan tsjoenderije, dan sei Piter Poes: "Ik hie jim al forwachte." Dan gong er mei dy minsken mei.
In tsjoenster, seinen se, koe har foroarje yn in kat. Se koe ek op in biezemstôk troch de loft fleane.
nl.verhalenbank.32118
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, klaude himsels om 'e holle. Dan gong er nei bûten ta en sei: "Ik ha mei de duvel fochten."
nl.verhalenbank.24626
Piter Poes wenne op 'e Sumarreheide. Hy wie duvelbanner. Dêr wie yn Burgumerheide ris in bern bitsjoend.
Se gongen nei Piter Poes ta om rie. Dy fleach dêr op 'e hounekarre hinne en hat it bern wer better krige.
nl.verhalenbank.31412
Douwe Baeije (de frou fan Douwe v.d. Meer) wie in tsjoenster. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens, dêr't de lytse bern op slepten. Hie se dêr trije folle krânsen yn, dan gyng it bern dea. De âlders gongen nei de duvelbander ta, dy rêdde der fierder mei.
nl.verhalenbank.32122
Wiger Wartena wie duvelbander to Warten. As der bern bitsjoend wienen, reizgen se nei him ta. Hy joech de rie, sy moesten nuddels yn 'e koepanne briede.
Hwat mear se dêr yn omrierden, hwat mear pine as de tsjoenster hie.
nl.verhalenbank.22976
As de tsjerne bitsjoend wie gongen se nei de duvelbanner.
nl.verhalenbank.22784
In tsjoenster mat yn 'e safolle jier ien deatsjoene, oars mat se sels dea. Bitsjoent se in bern en sitte der trije folsleine krânsen yn 't kessen fan 't bern, dan is 't net mear to rêdden. Sy gongen hjirwei meast nei Wiger Wartena, de duvelbander fan Warten. Dy joech in drankje mei. De krânsen moesten forbrând wurde, wylst alles ticht siet.
nl.verhalenbank.22781
Yn Beetstersweach wennen twa advokaten. Dy wienen fan 'e duvel biseten en dienen folle kwea. Der wie in duvelbander - guon biweare dat it Piter Poes fan de Sumarreheide wie - dy gong mei de boerewein nei de Sweach ta en krige dy beide mannen by him op 'e wein. Twa grouwe gudzen roannen der foar.
Dy twa hynders switten ôfgryslik doe't dy beide advokaten op...
nl.verhalenbank.31500
As men yn Sumarreheide nei in duvelbander moest gong men nei Kûkherne, net nei Piter Poes, hoewol dy op 'e Heide wenne.
Mem en noch in minske ha us nei Wopke ta west om in drankje. Wopke sei: "Hjir ha jim in drankje, mar ik tink net dat it hiel toplak komt."
Underweis bruts it fleske.
Doe gongen se wer nei Wopke ta. Sy krigen wer in drankje. Wopke sei:...
nl.verhalenbank.17116